Plantejacht yn de súdwesthoeke: op syk nei winterbloeiers

Natuuredukaasjeorganisaasje IVN Súdwesthoeke docht ûndersyk nei hokker planten der groeie yn de winter. De organisaasje ropt minsken dêrom op om de bloeiende planten dy't se sjogge troch te jaan.
Ruud Oudega op syk nei plantsjes © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De winter assosjearje je miskien net fuort mei bloeiende planten. Dochs is der neffens Ruud Oudega fan IVN genôch te finen. "Planten hebben een strategie om te overleven. Sommige planten bloeien in de winter en die zijn ook voedsel voor de insecten die er op dat moment zijn. Als je goed om je heen kijkt, dan zie je bijvoorbeeld dat de madeliefjes al bloeien."

Klimaatferoaring

Minsken dy't oan de 'plantejacht' meidwaan wolle, kinne yn it foar in plaatsje delhelje mei de planten derop dy't se tsjinkomme kinne. De minsken moatte dan in oerke kuierje en alle soarten dy't se sjogge trochjaan fia de webside fan FLORON, de organisaasje dy't de plantejacht betocht hat.
"We zijn heel nieuwsgierig wanneer welke soorten opkomen. Klimaatverandering heeft zeker invloed op de planten. We willen weten of ze langer blijven bloeien en of ze eerder bloeien", seit Oudega.
Ofrûne jier waarden der 685 ferskate soarten oantroffen. It koweblomke, blikgers en de lytse krúswoartel waarden doe it faakst trochjûn. De aksje rint dit jier oant en mei 3 jannewaris.