It keapjen en ôfstekken fan fjoerwurk is ek dit jier ferbean mei Ald en Nij. Dat moat tefoaren komme dat it te drok wurdt yn de sikehûzen.
Karbidsjitte is op âldjiersdei wol tastien, mei net mear as fjouwer persoanen. Dat kin oant de sinne ûndergiet. De presize regels binne
yn elke gemeente wer oars.
Veiligheidsregio Fryslân hat ek in kampanje opset foar jongerein dy't de jierwiksel fiere wolle, nettsjinsteande de lockdown.
DOchITgewoan moat jongerein ynspiraasje jaan en ynformearje oer wat se noch wol dwaan kinne mei Ald en Nij.