Liveblog | 30 desimber 2021

Coronanijs 30 desimber: Tal besmettingen ûnder 75-plussers rint it hurdst werom

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 30 desimber 2021, 22:34
tongersdei 30 desimber 2021
22:31

Noflike jûn

Oant safier it liveblog mei it Fryske coronanijs fan tongersdei 30 desimber. Tank foar it folgjen!
21:19

'Ernst Kuipers nije coronaminister'

Ernst Kuipers (62) is de beëage nije minister fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport. Dêrmei wurdt hy it nije gesicht fan it coronabelied. Dat meldt RTL Nieuws.
Kuipers is op it stuit foarsitter fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg. Yn dy funksje is er ferantwurdlik foar de sprieding fan de coronapasjinten yn de sikehûzen.
Earder waard al bekend dat Hugo de Jonge net weromkomt as coronaminister. Hy wurdt nei alle gedachten de nije minister foar Folkshûsfêsting en Romtlike Oardering.
Ernst Kuipers © ANP
18:04

Rutte boostere mei Moderna

Demisjonêr premier Mark Rutte hat syn boosterprik hân. Op Twitter lit hy witte dat hy it Moderna-faksin krigen hat. Ek ropt hy elkenien op om de boosterprik te heljen. "Zo bescherm je jezelf en je omgeving, en zorgen we samen dat de druk op de zorg afneemt."
17:37

Karbidsjitten tastien mei fjouwer persoanen; kampanje foar jongerein

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It keapjen en ôfstekken fan fjoerwurk is ek dit jier ferbean mei Ald en Nij. Dat moat tefoaren komme dat it te drok wurdt yn de sikehûzen.

Karbidsjitte is op âldjiersdei wol tastien, mei net mear as fjouwer persoanen. Dat kin oant de sinne ûndergiet. De presize regels binne yn elke gemeente wer oars.

Veiligheidsregio Fryslân hat ek in kampanje opset foar jongerein dy't de jierwiksel fiere wolle, nettsjinsteande de lockdown. DOchITgewoan moat jongerein ynspiraasje jaan en ynformearje oer wat se noch wol dwaan kinne mei Ald en Nij.
16:18

Kappers yn protest: "Ik hâld it sa net fol"

Kappers út it hiele lân fiere hjoed aksje, om't se gjin of te min stipe fan de oerheid krije. Sûnt oardel wike binne de kapsalons ferplichte ticht. En dat betsjut dat alle omset yn ien kear fuortfallen is.
© RTV NOF
Linda Westerhof begûn fjouwer moannen lyn mei har kapperssaak yn De Harkema. Se hie al ien yn De Tynje. "Der kaam in moaie kâns foarby om in salon yn De Harkema oer te nimmen. Dat haw ik dochs dien, nettsjinsteande de spannende coronatiid."
Mei trije fêste meiwurkers rûnen de saken goed, oant oardel wike lyn. Yn de nije lockdown binne de winkels ferplichte ticht gongen. "De lockdown kaam as in folsleine ferrassing, wy seagen it net oankommen. It is krekt as belibje it dan yn in roeske.
15:35

Mear as 7 miljoen coronatests mei Testen voor Toegang

Der waarden dit jier mear as 7 miljoen coronatests dien yn it ramt fan Testen voor Toegang. Dat lit organisator Stichting Open Nederland witte. Mei it 'Testen voor toegang'-systeem koene minsken mei in negative testútslach bygelyks nei it teäter of de hoareka.

De measte testôfspraken waarden makke foar in restaurant- of kafébesite. Der waarden 2,4 miljoen coronatestôfspraken makke troch minsken dy't nei de hoareka woene. Ek woene minsken nei in evenemint (1,2 miljoen testôfspraken), de disko (800.000 ôfspraken), in sportwedstriid (620.000 ôfspraken) of waard it systeem brûkt om sels te sporten (600.000 ôfspraken).

Yn de saneamde Fieldlabs waarden eksperiminten dien mei it systeem. Dat barde oan it begjin fan dit jier.
15:20

RIVM meldt 553 nije coronabesmettingen yn Fryslân

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 553 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 97 mear as woansdei. Doe waarden 456 besmettingen meld. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 443 besmettingen meld yn Fryslân.
Der binne yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is wol ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan de gemeente Opsterlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 14.868. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.599.
14:37

Brânmelding by WTC soarget foar fertraging by it prikken

De faksinaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert rint fertraging op troch in brânmelding oan de efterkant fan it gebou. Nei in healoere waard dúdlik dat der gjin brân wie: doe mocht elkenien wer nei binnen.
Der moatte no dus wat prikken ynhelle wurde, mar de GGD giet derfan út dat se de efterstân de kommende oeren ynhelje kinne.
14:23

Tal coronapasjinten yn de sikehûzen sakket

© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Der lizze tongersdei 1857 pasjinten mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen. Dat is it leechste oantal sûnt 13 novimber. Fan harren lizze 492 minsken op in ic. Dat binne der 23 minder as in dei earder.
Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 19 nije pasjinten opnommen op de ic's. Op de oare ôfdielings giet it om 137 nije coronapasjinten.
It is de tredde dei op rige dat it tal coronapasjinten yn de sikehûzen sakket.
13:44

Gemeente Skylge: GGD komt 20, 21 en 22 jannewaris opnij nei it eilân

Earder makke de gemeente bekend dat it om 13, 14 en 15 jannewaris gean soe, mar dy data jilde net mear, skriuwt de gemeente op Twitter.
12:46

Longdokter Wouter van Geffen oer coronajier: "Het is vragen om een glazen bol"

Dokter Wouter van Geffen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn de simmer waard de corona-ôfdieling fan it MCL noch feestlik sletten, mar no leit it sikehûs wer fol mei coronapasjinten en binne der sels ekstra ôfdielingen. MCL-longdokter Wouter van Geffen sjocht by de omrop werom op it coronajier.

Befrijing

It jier begûn sa posityf foar de meiwurkers fan de sikehuzen: ynienen kamen der faksins beskikber. It joech de minsken oan it bêd fan de Covid-pasjinten krekt wat mear beskerming.
Op 6 jannewaris waard de earste prik set. In momint dat as in befrijing fielde, seit Van Geffen: "Zo voelde het destijds wel. Of je dat met de kennis van nu ook nog zo kunt zien is maar de vraag."
12:29

Hugo de Jonge komt net werom as soarchminister

Hugo de Jonge © ANP / Lex van Lieshout
Demisjonêr minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens komt net werom yn it nije kabinet as soarchminister. Syn CDA-kollega Wopke Hoekstra wurdt ek net opnij minister fan Finânsjes. Beide portefúljes geane nei in D66'er.
11:31

Firolooch: "Reken je niet rijk met tien dagen lockdown"

Minsken moatte har "niet met tien dagen lockdown rijk rekenen", sa seit firolooch Bert Niesters fan Grins. Hy seit dat nei't 60 organisaasjes de oprop diene om it ûnderwiis wer te iepenjen nei de krystfakânsje. It probleem is neffens de firolooch dat noch net elkenien in boosterprik krigen hat.
Niesters: "Niemand zal bestrijden dat het beter is voor de kinderen. Maar de besmettingen nemen fors toe en voor je het weet, worden er weer klassen naar huis gestuurd."
Syn kollega, firolooch Frits Rosendaal fan Leiden, nimt it in "duivels dilemma" foar it regear. "Omikron heeft nu de overhand in Nederland. Komende weken gaan we de effecten daarvan op de ziekenhuiscijfers zien", sa seit de saakkundige.
11:04

Minsken út 1985 en 1986 meie in ôfspraak meitsje foar de boosterprik

10:40

PO-ried wol basisskoallen iepenje nei de krystfakânsje

Ek de PO-Raad, de koepelorganisaasje foar basisskoallen, fynt dat skoallen op 10 jannewaris wer iepen moatte. Tongersdei kamen 60 organisaasjes mei dizze oprop oan it regear, wêrûnder it Ljouwerter Fier.
"We hopen dat de scholen hun deuren na de kerstvakantie weer kunnen openen. Enerzijds omdat het belangrijk is voor de ontwikkeling van kinderen om samen met klasgenootjes naar school te kunnen gaan, maar anderzijds ook voor hun sociaal-emotionele welzijn", seit in wurdfierder.

Omtinken foar personiel

De organisaasje fynt wol dat der omtinken wêze moat foar it ûnderwiispersoniel. "Het moet op een veilige en verantwoorde manier gebeuren. Wij kijken uit naar het advies van de deskundigen. En we hopen dat er binnen dat advies ruimte is voor maatwerk", seit de wurdfierder. "Scholen kunnen zelf het beste inschatten op welke wijze ze het onderwijs vorm zouden moeten geven."

Sûnens en feiligens

Underwiisfakbûn Leraren in Actie ropt de oerheid op om fan sûnens en feiligens de heechste prioriteit te meitsjen.
"Scholen moeten pas heropend worden als er een gedegen plan is, waarmee de veiligheid en gezondheid gewaarborgd worden. Een veilige en gezonde werkomgeving is een recht. Net zoals het voor de overheid een plicht is epidemieën te bestrijden", sa seit it bûn.
10:15

Kappers yn aksje foar bettere coronastipe

Yn it hiele lân demonstrearje kappers hjoed foar bettere kompensaasje no't se ticht binne troch de lockdown. Nei ferwachting binne der kappers yn sa'n 250 gemeenten dy't meidogge. It giet om lytste protestaksjes. Sa geane yn Ljouwert guon kappers om 10 oere iepen.
08:47

Fier ropt op ta iepenjen skoallen

Sechstich organisaasjes roppe op om de skoallen net ticht te hâlden yn it nije jier. Under har ek Fier, de Ljouwerter organisaasje foar it opfangen en behanneljen fan bern, jongelju en froulju by geweldssituaasjes. De organisaasjes wolle in grins lûke.
It sluten fan skoallen komt neffens har it wolwêzen fan bern net te'n goede. Minderjierrigen soene ferantwurdlik makke wurde foar de sûnens fan folwoeksenen, tinke de organisaasjes. Dêrom moat der better tocht wurde om de belangen fan bern en soene skoallen op 10 jannewaris wer iepen moatte.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
08:09

Danny Noppert hat corona

De Jouster darter Danny Noppert hat woansdei posityf test op it coronafirus. Noppert wie tiisdei útskeakele op it WK darten en is noch yn Londen.
Noppert, dy't op âldjiersdei berne is, moat no ek syn jierdei yn isolaasje yn it hotel fiere. Noppert is net de earste dy't corona oprint: it WK wurdt hieltyd mear beskade troch corona.
Danny Noppert © Orange Pictures
08:05

Seelân nije coronakoprinner, omikron benammen by Amsterdam

De provinsje Seelân is de nije koprinner as it om it tal besmettingen yn Nederlân giet. Yn dy provinsje binne yn de ôfrûne twa wiken hast 4.800 minsken posityf test. Dat is sa'n ien op eltse tachtich Siuwen. Nei Seelân folgje Fryslân, Urecht en Flevolân.
De snelle fersprieding fan de omikronfariant is noch net werom te sjen op de wyklikse kaart fan de Europeeske sûnenstsjinst ECDC. Nederlân bliuwt foar de sânde wike op 'e rige op donkerread stean, de heechste warskôgingskleur. De omikronfariant liket op dit stuit it meast foar te kommen om Amsterdam hinne.
08:00

Wolkom!

Wolkom by it liveblog fan tongersdei 30 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. It liveblog fan juster neilêze kin hjir.