Danny Noppert safolste coronaslachtoffer op WK darts: jierdei yn isolaasje

De Jouster darter Danny Noppert hat woansdei posityf test op it coronafirus. Noppert wie tiisdei útskeakele op it WK darten en is noch yn Londen.
Danny Noppert © Orange Pictures
Noppert, dy't op âldjiersdei berne is, moat no ek syn jierdei yn isolaasje yn it hotel fiere.

"Total shock to me"

"Following disappointment after my loss yesterday, I also have the upsetting news that I have tested positive for Covid-19 prior to my flight home. This has come as a total shock to me as my test was negative prior to my match with Ryan Searle", sa skriuwt Noppert op Instagram.
Ryan Searle wie yn de partij yn de tredde ronde mei 4-2 yn sets te sterk foar Noppert. Noppert ferklearre letter 'net echt lekker yn de wedstriid' te sitten. Hy sei: "Ik ha myn bêst dien, mar it woe hjoed net. Sa no en dan wol, mar it wie net konstant genôch. Hy hat terjochte wûn."

Noppert is de safolste

Noppert is net de earste dy't corona oprint: it WK wurdt hieltyd mear beskade troch corona. Ek Michael van Gerwen, Raymond van Barneveld en Vincent van der Voort krigen it firus al. Van Gerwen neamde it toernoai earder 'een grote coronabom.'

Krityk

It evenemint is binnen en de seal fan it Alexandra Palace sit grôtfol minsken. In faksinaasje of negative test is genôch om binnen te kommen. It publyk hâldt gjin ôfstân binnen. Der kaam earder al krityk fan ferskate epidemiologen en Van Gerwen fûn de kontrôle 'zo lek als een mandje.'
It dartbûn PDC sit lykwols mei in dilemma: sy wolle it leafst in folle seal op telefyzje en kinne de ynkomsten goed brûke, mar sy ferlieze wol in soad spilers en dêrmei hat it ek negative gefolgen foar it toernoai.