Frysk poadium op 1.500 meter: De Jong, Wüst en Groenewoud nei Peking
Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Marijke Groenewoud hawwe foar in Frysk poadium soarge op de 1.500 meter by it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Sy hawwe harren dêrmei pleatst foar de Winterspelen.

Aveline Hijlkema, Helga Drost, Myrthe de Boer en Reina Anema wienen de earste Friezen dy't yn aksje kamen. Lykas ferwachte kamen sy net yn de buert fan it poadium. Fan harren wie Anema mei 1.55,74 noch de fluchste.
Flugge Wüst
Dêrnei wie it oan Ireen Wüst. Op dat stuit hie Melissa Wijfje mei 1.54,00 de fluchste tiid. Wüst hie in hiele rappe iepening. Se lei sels lang ûnder it skema fan har eigen baanrekôr. Dat koe se lykwols net folhâlde. Mei 1.53,88 bleaun se wol Wijfje foar.
Marijke Groenewoud wie de folgjende Friezinne oan de start. Groenewoud ried in sterke race. It wie lykwols krekt net genôch om Wüst fan de earste plak te triuwen (1.53,99).
De Jong ek op de 1.500 meter nei Peking
Yn de slotrit moast Antoinette de Jong tsjin Jutta Leerdam. De Jong koe sprinter Leerdam goed brûke om op gong te kommen. Mei 1.53,62 wie se sels Wüst de baas.
Utslach 1.500 meter
1. Antoinette de Jong | 1.53,62 |
2. Ireen Wüst | 1.53,88 |
3. Marijke Groenewoud | 1.53,99 |
4. Melissa Wijfje | 1.54,01 |
5. Irene Schouten | 1.54,18 |
It poadium op de 1.500 meter is hielendal Frysk. De Jong, Wüst en Groenewoud meie dêrtroch allegear nei de Winterspelen. Dat Groenewoud har pleatst hat, is in ferrassing. Se wie net de favoryt op dizze ôfstân.
Reedrydmatriks froulju
Ofstân | Wa | |
1. | 1e op 5.000 meter | |
2. | Massastart | Oanwiisplak |
3. | 1e op 3.000 meter | Irene Schouten |
4. | 2e op 3.000 meter | Antoinette de Jong |
5. | 1e op 500 meter | Femke Kok |
6. | 1e op 1.000 meter | Jutta Leerdam |
7. | 1e op 1.500 meter | Antoinette de Jong |
8. | 2e op 5.000 meter | |
9. | 2e op 1.500 meter | Ireen Wüst |
10. | 2e op 1.000 meter | Antoinette de Jong |
11. | 3e op 3.000 meter | Carlijn Achtereekte |
12. | 3e op 1.500 meter | Marijke Groenewoud |
13. | 3e op 1.000 meter | Ireen Wüst |
14. | 2e op 500 meter | Jutta Leerdam |
15. | 3e op 500 meter | Michelle de Jong |
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn de matriks binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.