Lange efterfolging nei tanke sûnder te beteljen yn De Pein

In bestjoerder fan in auto hat op de N31 by De Pein tankt sûnder te beteljen. Dêrnei ûntstie in lange efterfolging tusken de minne beteller en de plysje.
© Persbureau Drenthe
De auto negearre in stopteken fan de plysje. By de efterfolging rekke de auto skansearre. Ek twa plysje-auto's kamen net hiel út de striid. De efterfolging einige by it Drintske Eelde. De plysje hat de bestjoerder meinommen foar in ferhear.