Werom nei Alde Leie: 25 jier lyn it sintrum fan de wrâld

It doarp Alde Leie wie even it sintrum fan 'e wrâld, hast 25 jier lyn. Ynwenners riede har op 3 en 4 jannewaris 1997 ta op de Alvestêdetocht en helpe mei by de trochkomst.
25 jier nei dato sjocht Omrop Fryslân mei in pear haadrolspilers werom:
Dat de Tocht der Tochten in hiel doarp yn it spier krije kin, waard dúdlik yn Alde Leie. Ien fan de haadpersoanen fan dy tiid is Gerrit Jan Sinnema. Hy wie yn 1997 in jier as 14 en holp entûsjast mei. Sinnema wie der hielendal fol fan, fage de baan skjin en wie grut fan fan Erik Hulzebosch.
Aukje Geertsma dielde sûkerklontsjes út foar de nedige enerzjy en Jan Baatje wie de grutte spil fan de organisaasje, die de PR en stie yn direkt kontakt mei boargemaster Bijl fan Ljouwerteradiel by eventuele kalamiteiten.
Op 3 en 4 jannewaris 1997 makke Omrop Fryslân yn Alde Leie de dokumintêre 'Lij wetter'. Dy wurdt op 1 jannewaris oansteande opnij útstjoerd.
Yn stee fan iis en reedriders steane no trije fiskers lâns de kant. Ferline wike hienen se even hoop, mar de froast sette net troch en it is no krekt maaitiid yn it sintrum fan Alde Leie.

Alle dagen tichterby

Trije fan de haadrolspilers fan doe sjogge mei wille werom op 1997. "Wat sa moai wie, is dat eltsenien yn it spier wie", seit Jan Baatje. "Ja, eltsenien die wol wat", seit Gerrit Jan Sinnema. "Ik lei it tapijt rjocht en fage de baan, dat wie machtich moai. Ik hie it noch noait meimakke."
Aukje Geertsma wie de frou mei de sûkerklontsjes: "Mar ek mei in knuffel. Ik sei 'kom in mijn armen dan zal ik jullie opwarmen!'" Se stiet der wis wer, as de tocht wer hâlden wurdt. Want alle trije binne se der wis fan: De tocht komt alle dagen tichterby.