Swier fjoerwurk mei opsetsin yn Harnzer wenhûs smiten; plysje docht buertûndersyk

Oan de Hugo de Grootstrjitte yn Harns is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in swier stik fjoerwurk troch de brievebus fan in wenhûs smiten. Neffens in tsjûge soe dat dien wêze mei in cobra 6 út it jier 2019.
Troch de knal sprong al it glês út de foardoar © Omrop Fryslân
De eksploazje rjochte in soad skea oan. Al it glês sprong út de foardoar en yn de gong rekken ûnder oare alle lampen, it plafond en ek de doar fan de meterkast swier skansearre. Op it momint fan de eksploazje lei de bewenner boppe te sliepen.
De foardoar waard woansdei tichttimmere troch manlju fan de wentebouferiening © Omrop Fryslân
De plysje giet der fanút dat it fjoerwurk mei opsetsin troch de brievebus smiten is en is dêrom hurd op syk nei de mooglike dieder. De resjerzje hat woansdei de wente ûndersocht en is ek dwaande mei in wiidweidich buertûndersyk. Ek bylden fan bewakingskamera's wurde dêrby belutsen.

'Topprioriteit'

De plysje nimt it ynsidint heech op. It bestriden fan swier en mooglik yllegaal fjoerwurk is troch de plysje fan Noard-Nederlân útroppen ta 'topprioriteit'. Neffens it Nationaal Forensisch Instituut NFI kin ferkeard of ûngelokkich gebrûk fan swier fjoerwurk maklik ta swier lichaamlik letsel liede.
Ferslachjouwer Onno Falkena wie op it plak fan it ynsidint