Flater fan moalfabryk Koopmans: gêst fergetten, warskôging foar stiennen bollen
Wa't de lêste tiid 'kant en kleare' oaljekoekemiks kocht hat fan Koopmans, hat it risiko dat it meitsjen fan dy oaljekoeken in stik dreger wurdt: it bedriuw is fergetten om gêst yn de ferpakkingen te dwaan.

It ûntbrekken fan gêst is net skealik, mar oaljekoeken meitsje sûnder dat yngrediïnt slagget net. It beslach sil net rize en dat betsjut dat it iten tige hurd wurdt.
It fan oarsprong Holwerter bedriuw advisearret minsken om it produkt dêrom net te brûken.
De flater is by in relatyf lyts part fan de produkten makke. Wa't de ferpakkingen hat mei de hâldberheidsdatum 3 febrewaris 2022 yn kombinaasje mei de produksjekoade L212447 en de tiidsoantsjutting 02:30-08:30, is de dupe.

Minsken dy't dy ferpakkingen ha, kin de boppekant dêrfan werom stjoere nei it kantoar fan Koopmans yn Amersfoort. It bedriuw makket dan it jild oer.
Koopmans biedt de ekskuzen oan foar de flater en winsket elkenien in noflike jierwikseling.