It swurd fan Damokles: it ûnwisse jier fan Yaroslava Tymts

It hinget as it swurd fan Damokles boppe har holle: útsetting. Dat makke it jier 2021 foar de 16-jierrige Yaroslava Tymts ûnwis. Mar it brocht har net fan it stik.
Yaroslava Tymts links en rektor Dirk-Jan Dekker rjochts © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Sa is se ûnder mear aktyf foar de ChristenUnie en Unicef. Ek op it Beyers Naudé yn Ljouwert set se har yn foar oaren. It kin net keare dat har lot yn hannen leit fan de Immigratie- en Naturalisatiedienst.
Jannewaris 2021. Nederlân sit krekt as no yn lockdown. Alle útsettingsprosedueres binne stillein. Foar de famylje Tymts betsjut it dat de driigjende útsetting net trochgiet. Se sitte yn it azc yn Burgum. Dat is foar de measten de op ien nei lêste halte foar útsetting.
De húshâlding freget krekt op 'e tiid in humanitêre proseduere oan. Want eins kinne se nearne hinne. De reden: se ha gjin paspoart.

Op de flecht

"Wij zijn in 2014 gevlucht", fertelt Yaroslava. "We woonden op het schiereiland de Krim in Oekraïne dat is ingenomen door de Russen. Zij hebben ons paspoort afgepakt, ons huis. In Oekraïne konden we geen paspoort krijgen, want ze konden niet bij de registratie die in handen was van de Russen."
Yaroslava Tymts © Omrop Fryslân
Sa kamen se yn Nederlân en úteinlik yn it azc fan Sint-Anne. Yaroslava koe net stilsitte. Se krige it Nederlânsk al gau yn 'e fingers en sit sels yn de jongereinried fan de gemeente Waadhoeke.

Skoalle yn aksje

Op skoalle docht se it ek goed. Mei gemak hellet se op it gymnasium goede sifers. Mar dan begjint de proseduere. Oekraïne wurdt sjoen as in feilich lân en dus wurdt de famylje útset. Freondinnen út de klasse starte in aksje: Yaroslava moet blijven!
De pandemy kaam dertusken en alle útsettingen waarden stilset. It libben fan de húshâlding normalisearre wer wat, oant de grinzen wer iepengiene. Op 'e nij waard der aksjefierd foar de famylje Tymts.
Ze is zo Nederlands als alle anderen. Ze moet uitgezet worden naar een land waar ze niets te zoeken heeft.
Rektor Dirk-Jan Dekker fan it Beyers Naudé
Har dosinten en rektor Dirk-Jan Dekker fan it Beyers Naudé begûnen mei in lytse manifestaasje op it Ljouwerter Saailân. Dekker: "Het is geen politieke actie, daar bemoeien wij ons niet mee. Het is één van onze leerlingen. Ze is zo Nederlands als alle anderen. Ze moet uitgezet worden naar een land waar ze niets te zoeken heeft. Ik wil mij er graag voor inzetten dat ze hier kan blijven."

Spanning

It levere Keamerfragen oan steatssekretaris Broekers-Knol op. Sy kin net op yndividuele gefallen yngean, mar stelt dat it in juridyske kwestje is. "Ik snap niet helemaal wat ze nu precies bedoelen", seit Yaroslava. "De onzekerheid geeft best veel spanning. Bij mijn broertje bijvoorbeeld. Hij is volledig Nederlands. Hij vraag zich ook af waarom wij op een azc wonen terwijl we gewoon Nederlands zijn."
De aksje yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De spanning yn it hûs dêr't se wenje is grut. Se wenje der mei noch twa húshâldingen. "Ook zij kunnen uitgezet worden. Dat geeft best veel stress in zo'n omgeving. Je probeert respectvol met elkaar om te gaan, maar dat is soms best lastig."

Hoop

Yaroslava Tymts hat nettsjinsteande alles goede hoop. "Als wij volgend jaar rond dit tijdstip hier weer zitten, in de kantine van het Beyers Naudé, hoop ik echt dat de procedure klaar is en wij een huis hebben. Dat ik verder op school kan studeren. Na de zomervakantie zit ik dan in klas vijf. En als ik ga studeren wil ik iets doen met politiek en mij richten op internationale betrekkingen."