Hannemahuis lit mei nij skilderij fan Nicolaas Baur it hannelsferline sjen

It Hannemahuis hat in nij skilderij fan de bekende Harnzer skilder Nicolaas Baur (1767-1820) kocht. Neffens direkteur Hugo ter Avest is it in oanwinst om de hannelsrelaasje tusken Harns en Amsterdam sjen te litten.
'Schepen op de rede van Amsterdam' fan Nicolaas Baur © Hannemahuis
It giet om in skilderij út 1806 mei beurtskippen op it IJ by Amsterdam. "Het schilderij is relevant voor ons om te verwerven. De voorstelling speelt zich weliswaar niet in Harlingen af, maar we kunnen er wel een verhaal mee vertellen", leit Ter Avest út.

Harns-Amsterdam

"Er voeren dagelijks zulke beurtschepen heen en terug. Met deze aankoop kunnen we deze handelsrelatie accentueren", sei hy. Boppedat wie de skilder wol in echte Harnzer. "Voor zover we weten heeft Baur altijd in Harlingen gewoond."
Nicolaas Baur (1767-1820) © Rijksmuseum | RP-P-OB-59.453
It is net it earste wurk fan Baur foar it Hannemahuis. "Ik denk dat we al zo'n 22 werken van hem hebben. Maar dit is een groot schilderij, ook nog eens uit zijn toptijd. In mijn 35 jaar ben ik denk ik nog maar vijf keer zoiets tegengekomen."

Skilderij en tekening

Bysûnder is dat it net allinne giet om in skilderij, mar ek om in foarstúdzje. "Op de tekening is het schip op de voorgrond niet op te zien, maar uit het overige blijkt wel dat het een voorstudie voor dit schilderij is geweest."
It skilderij is op de Amsterdamske keunst- en antykbeurs PAN fûn, oanbean troch de hannel Douwes Fine Art. De oankeap koe dien wurde mei help fan it oankeapfûns fan it museum en de 'Vrienden van het Hannemahuis.'
Nicolaas Baur (1767-182) is benammen bekend om syn marinewurk. Syn heit wie ek al keunstner, al skildere dy mear portretten. Yn 't earstoan wie Baur behangskilder, mar doe't dêr minder fraach nei wie, lei hy him ta op lânskippen, winterske tafrielen en benammen seegesichten mei skippen.
Baur waard ien fan de bekendste marineskilders fan it lân. Under oare it Rijksmuseum en it Fries Museum hawwe wurk fan him.
Yn it museum is ek in rekonstruksje fan de keunsthannel fan Nicolaas syn heit te sjen, Henricus Antonius Baur. Oant 1820 hie dizze man in winkel oan de Foarstrjitte fan Harns. Oan dy strjitte leit hjoed-de-dei it Hannemahuis ek.

Etalaazjestik

Neffens Ter Avest is it de bedoeling dat it skilderij op de skipfeartôfdieling fan it museum komt, dêr't ek oare Baurs hingje. Mar oant begjin jannewaris wurdt it doek, om't it museum fanwege corona ticht is, tentoansteld yn de etalaazje fan it Hannemahuis.