Onderzoeksraad ûndersiket skip nei oanfarring by Flylân

De Onderzoeksraad voor Veiligheid is yn Harns om ûndersyk te dwaan oan board fan it skip dat ferline wike in oanfarring hie op see boppe Flylân.
It skansearre frachtskip © CAMJO media
Dy oanfarring wie tusken in Belgyske fiskkotter en it frachtskip Amadeus Aquamarijn út Alkmaar. By dat lêste skip, fan 88 meter lang, streamde nei it ûngelok wetter nei binnen ta.
Der rekken gjin minsken ferwûne. It frachtskip hie ek gjin lading ferlern en der is ek gjin brânstof frijkaam.
Doe't de situaasje ienkear stabyl wie, hat bergingsbedriuw Noordgat it skip út Alkmaar nei Harns begelaat. Dêr wurdt it no dus ûndersocht.