Pine, ferwûning en stress: Kollumer hûnecoach wiis mei ferbod stroomhalsbân

It ferbod op de stroomstjithalsbân foar hûnen is in goede saak, mar freget ek geduld. Dat seit hûnecoach Lutske de Bruin út Kollum.
In elektryske halsbân by in hûn © ANP
Minsken mei in grut hiem meitsje no gebrûk fan de elektroanyske halsbân. As de hûn fan it hiem ôf giet bygelyks: dan jout de halsbân in pypke en as de hûn dan net weromgiet, jout de halsbân in lytse elektryske skok. It makket it makliker om hûnen te trainen om op it hiem te bliuwen.

Ferbod op 1 jannewaris

Fierder wurdt de halsbân soms brûkt om hûnen te learen om net te blaffen of op te springen. Mar de apparaten kinne foar pine, ferwûningen of stress soargje by hûnen. It gebrûk derfan kin ek skealik wêze foar de fertrouwensbân tusken eigeners en hûnen.
Saakkundigen wolle al langer dat de halsbannen ferbean wurde. It ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit hat no bekend makke dat it ferbod op 1 jannewaris yngiet.

Goede kontrôle needsaaklik

De Bruin wurket no in jier as fjouwer as trainer en saakkundige op it mêd fan it gedrach fan hûnen. Sy is yn prinsipe bliid mei it ferbod: "Elkenien kin mar sa'n bân keapje sûnder him deryn te ferdjipjen. Dêrtroch wurdt er hiel faak ferkeard brûkt."
Neffens De Bruin wol in ferbod net sizze dat er hielendal net mear brûkt wurdt. Dat makket it spannend. "Se bliuwe wol te krijen. Ast in bytsje goed sikest, dan fynst se wol."
De bedoeling is dat de plysje, de bistebeskerming en de NVWA kontrolearje op it ferbod. Wa't dochs noch sa'n halsbân brûkt, begiet in misdriuw.
By har wurk brûkte De Bruin earst ek noch wolris sa'n bân. "Mar eins allinnich mar yn de gefallen dat it echt net oars koe. It is echt de alder-, alder-, alderlêste opsje. No brûke we se al in pear jier net mear."
Dan ha je it oer bistemishanneling, je ferniele de hûn gewoan.
Lutske de Bruin seach dat minsken goedkeap guod ferkeard brûkten
De Bruin kaam wol by minsken mei in grut hiem. "Ien kear by in hynstepensjon bygelyks: dy hienen wol mear as fyftich hynders. Dy moasten alle dagen nei bûten ta en de hûn biet se dan wolris yn de hakken. Dat kin gewoan net."
Mar se hat ek foarbylden fan gefallen dêr't sa'n bân echt skealik wie en gjin goed doel tsjinne. "Ik seach minsken dy't sa'n halsbantsje op AliExpress kocht hienen. Dat joech brânplakken yn 'e nekke fan de hûn. Dan ha je it oer bistemishanneling, je ferniele de hûn gewoan. Dêrom bin ik wol bliid mei in ferbod."

Gjin ideale oplossing

In goede oplossing kostet tiid. "Trainingen duorje no langer en draaie mear om selsbehearsking." En der is ek in neidiel oan it ferbod: "Hûnen by sa'n pensjon sille faker oan it ket moatte bygelyks. It beheint de frijheid wol fan sa'n bist."
Dêrom is it ek wer gjin ideale oplossing. "It soe noch folle better wêze as de bedriuwen dy't se ferkeapje ek foarljochting jouwe. Of dat der in kursus komt foar minsken dy't sa'n ding ynsette wolle. Dan wurdt it goed brûkt en ûntstiet der gjin skea. No kinne minsken, ek mei in ferbod, sa'n halsbân noch oeral weihelje."