De toan fan Froukje Sijtsma: "Lekker lummelje"

"Sa, dit is alwer de lêste kollum fan 2021, en dat moat fansels al in spesjalen ien wurde. Mar as ik earlik bin meitsje ik de lêste dagen net in hiel soad bysûnders mei.
Ik hingje thús wat om yn myn hearlike onesie en waarme sloffen en myn hier hinget op healwei sânen. Ik drink liters tee, ik set de kearskes oan at de skimer ynset en loungemuzyk follet de wenkeamer.
Yn de hoekbank sit ik te relaksen mei in steapel tydskriften dy't ik al tiden lêze woe, en ik wikselje dat ôf mei wat slûgjen yn myn hingstoel by it rút. Fansels besykje ik mysels oan it begjin fan de dei te ferlieden ta in lekkere kuier yn it natuergebiet yn de buert. Mar dat slagget net altyd.
Meast bin ik de lêste twa wiken fan desimber skjin oan ein. Ik kin my ferskillende krystfakânsjes heuge dêr't ik mei in slimme ferkâldens of útteld op de bank lei. In brek oan fitamine D en as de finish fan it jier wer yn sicht komt, gean dy alderlêste stappen hiel stadich. Ik haw besletten dat der neat mis mei is om der yn de tsjustere dagen mar gewoan lekker oan ta te jaan en op te laden foar it nije jier.
Lekker omstippe dus. It fielt hearlik om efkes net yn in fersnelling te stean. Gewoanwei is myn kollum in refleksje fan myn wike, mar diskear skytskoarje ik der wat tsjinoan. Wêr haw ik de lêste dagen oan tocht, wat hâlde my dwaande, wat rekke my? No, fielst him al oankommen tink. Op de dagen dat myn dochter by har papa is, bin ik flink oan it omdangeljen sûnder my der skuldich om te fielen.
En dat hoecht eins ek hielendal net, want lummelje is super goed foar dyn sûnens. Dat seit psycholooch Bernard Maarsingh fan de Ljouwerter psychologepraktyk Maarsingh & Van Steijn. Yn syn bio by syn kollum yn it Friesch Dagblad stiet: "Naast werken is Bernard Maarsingh een fervent voorstander van lummelen."
Yn syn kollum 'Lummelende hersenen' skriuwt hy oer it belang fan doelleas omhingje. Want wat bart der no eins ast efkes foar dy út dikerest? "Het interessante is dat er dan veel gebeurt, terwijl je vaak het idee hebt dat je even 'uit' staat. Je hele gevoel van wie je bent, met verleden en toekomst en al, bouw je op als je even zit te niksen, bizar hè?" Lanterfante, omdangelje: efkes neat dwaan, telefoan oan de kant, troch in rút stoarje, wat tekenje of nifelje, it is dus hartstikke goed foar dyn harsens.
Maarsingh seit: "Zodra je zit te niksen, herordent dit netwerk alle indrukken en geeft je een gevoel van wie je bent in de tijd. Je zou kunnen zeggen, het ordent het verleden en bereidt je voor op de toekomst, maar geeft je vooral een gevoel van identiteit, het is heel erg op jezelf gericht. Het grappige is dat heel veel cliënten behoefte hebben om iets, bijvoorbeeld een vervelende gebeurtenis, een plekje te geven. Dat is nou precies wat dit netwerk doet, zodra je het even de tijd geeft."
Lekker lummelje is dus goed om 2021 in plakje te jaan. En harsenwittenskipper Erik Scherder sil dêr grif oan taheakje dat it ek goed foar je harsens is om alle dagen efkes út dy luie stoel te kommen. In frisse noas en in blok troch de buorren befoarderje al dy positive prosessen yn de holle.
Mar witst wat noch leuker is as omhonkje? Ferslachjouwer wêze op Aldjiersdei yn ús provinsje, live foar radio en tv. En dêr jou ik dizze freed dus hiel graach in fakânsjedei foar op, mar wol mei de gedachte om de keunst fan it lummeljen my fierder eigen te meitsjen.
2021 wie foar eltsenien in jier fan falle en oereinkomme, ynkassearje en trochbite. In wiere útputtingsslach. Foar 2022 winskje ik jimme dêrom net allinnich in soad leafde en sûnens ta, mar foaral ek in hiel soad mominten fan lekker lummelje troch it jier hinne. In hiele noflike jierwiksel tawinske en oant takom jier!"