Liveblog | 29 desimber 2021

Coronanijs 29 desimber: Noardlike sikehûzen pakke lytse operaasjes wer op

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 29 desimber 2021, 23:00
woansdei 29 desimber 2021
20:27

Ljochtsjestocht tsjin coronamaatregels

Tsientallen minsken rûnen woansdeitejûn mei by in fakkeltocht yn Ljouwert. De tocht makket diel út fan in lanlike aksje fan minsken dy't tsjin de coronamaatregels binne.
20:03

Trije boosterrondes yn 2022

It kabinet giet derfan út dat der trije boosterrondes yn 2022 komme en op syn minst ien yn 2023. Dat skriuwt demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge woansdei yn in brief oan de Twadde Keamer.
It kabinet en it RIVM besykje sa goed mooglik yn kaart te bringen hoefolle boosters oft der nedich binne oare jier. Mar dat is "niet eenvoudig aangezien we hierbij met een groot aantal, deels nog onbekende, variabelen rekening moeten houden. Het kabinet kiest daarom zoveel mogelijk voor zekerheid", skriuwt De Jonge.
Nederlân slacht hast 6 miljoen ekstra coronafaksins yn foar dy mooglike ekstra boosterrondes. Dy faksins soene lykas 12 miljoen earder bestelde faksins fan Pfizer/BioNTech mooglik al oanpast wêze oan de omikronfariant.
De Jonge skriuwt dat der "voldoende vaccins voor de huidige boostercampagne" binne en dat de ekstra faksins foar in "ruime basis voor mogelijke extra boosterrondes in het tweede kwartaal en het najaar van 2022 en in 2023" soargje. It kabinet mikt dêrmei op in sa heech mooglike faksinaasjegraad, neffens de minister.
© ANP
17:29

60-plussers meie ôfspraak foar de boosterprik nei foaren ferskowe

Sa'n 20.000 60-plussers ha in sms fan de GGD krigen dat se earder in boosterfaksinaasje krije kinne. Earst koene minsken 6 moanne nei har lêste prik in boosterfaksinaasje krije, op it stuit moat der 3 moanne tusken sitte.
Guon 60-plussers hiene al in ôfspraak stean foar't dizze perioade koarter waard. 60-plussers dy't nei 9 jannewaris in ôfspraak stean ha, krigen dêrom dit wykein in sms fan de GGD mei ynstruksjes foar it fersetten fan de ôfspraak. Dizze minsken meie no earder in boosterfaksinaasje helje. It berjocht is ferstjoerd oan 45.000 minsken.
16:59

Vrolijke Strijders bestiet 25 jier en giet by harkers del

Piratestjoerder De Vrolijke Strijders bestiet 25 jier, mar kin gjin feest organisearje fanwegen de lockdown. Dêrom wol de stjoerder tongersdei by de harkers delgean mei in trailer en muzyk. Dat bart yn gearwurking mei Los FM fan Surhusterfean.
16:30

Rekôromset foar supermerken yn wike foar de krystdagen

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Konsuminten ha noch nea safolle jild útjûn by supermerken as yn de wike foar de krystdagen. Troch de lockdown en de sluting fan de hoareka kochten húshâldens manmachtich yn by de supermerk, meldt ûndersyksburo NielsenIQ.
De totale omset yn dizze wike wie 1,06 miljard euro, wat 3,7 persint heger is as de omset yn deselde wike yn 2020.
15:43

Tal coronapasjinten bliuwt lyk yn Nederlânske sikehûzen

© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Sûnt de krystdagen bliuwt it tal coronapasjinten yn de sikehûzen likernôch stabyl. Woansdei leine 1965 minsken mei Covid-19 yn it sikehûs, docht bliken út sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding. It wiene der 27 minder as in dei earder.
Foar de krysttiid wiene der hieltyd mear as 2000 coronapasjinten. Op de ic's lizze op it stuit 515 minsken mei corona, seis minder as in dei lyn.
15:20

456 nije coronagefallen yn Fryslân

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 456 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 106 mear as tiisdei, al hie it RIVM doe in technyske steuring. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 437 besmettingen meld yn Fryslân.

Gjin stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.Der binne fiif Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om ynwenners fan Ljouwert (2), De Fryske Marren (2) en Smellingerlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 15.804. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.390.
14:25

GGD Fryslân: 'Fryske 75-plussers krigen ienfâldiger in boosterprik'

It tal 75-plussers dat in boosterprik krigen hat, is yn Fryslân de ôfrûne seis dagen omheech gien: fan 80,5 nei 85 persint. Dat komt mooglik ek troch de útnûging foar de boosterprik, dy't dizze groep fan har gemeente krigen hat.
Oeral yn Fryslân, útsein de Waadeilannen, krigen minsken fan 75 jier en âlder de brief mei de útnûging. De brief waard ek ferstjoerd oan minsken dy't de boosterprik al krigen hiene, om't it te dreech wie te efterheljen wa't al west wie.
Foar guon minsken slagge it net om fia ynternet in ôfspraak te meitsjen. Of "zij wachten nog op de brief van het RIVM, missen de oproepen via social media of komen er niet door bij het landelijke afsprakennummer", sa seit de Fryske GGD, dy't dêrom sels minsken ynpland hat.
14:22

Sportskoallen nei de rjochter om sluting

© Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
Hûnderten sportskoalle-eigeners wolle nei de rjochter stappe fanwegen de tydlike sluting fan harren sektor. Sûnt oardel wike binne sportskoallen ticht, mar de eigeners fine dat it kabinet harren sektor as 'essinsjeel' bestimpelje moat. Dêrmei soe de sektor iepenbliuwe kinne.
De ûndernimmers wolle in koart pleit oanspanne tsjin de Steat, mei jild fan crowdfunding. Dat seit sportskoalle-eigener Satisch Jhamai nei berjochtjouwing fan Hart van Nederland.
14:02

Direkteur Margreet de Graaf ferlit GGD Fryslân

Margreet de Graaf © Veiligheidsregio Fryslân
Direkteur Margreet de Graaf ferlit GGD Fryslân. Yn april takom jier makket sy de oerstap nei de ried fan bestjoer fan it bedriuw Cosis. De Graaf waard yn de ôfrûne jierren benammen bekend troch har optreden yn de coronakrisis.
De 50-jierrige De Graaf hoegde net fuort, sa't se it sels omskriuwt, mar se waard tipt. "En dit wie in te moaie kâns om lizze te litten." Boppedat is it yn har sektor gebrûklik om nei fiif à sân jier op te hâlden, seit De Graaf. Se stiet sûnt juny 2015 oan it haad fan GGD Fryslân.
13:49

De Jonge: "Juich niet te vroeg"

Demisjonêr soarchminister De Jonge warskôget dat ferromming fan de maatregels net te rap barre moat. De lockdown jildt no noch oant en mei freed 14 jannewaris.
It kabinet hâldt de sifers neffens De Jonge "van dag tot dag" yn de gaten. It tal besmettingen giet omleech. "Maar pas op: juich niet te vroeg", sei De Jonge. "We hebben meer data nodig om te weten of het meevalt." It kabinet beslút moandei oft skoallen nei de krystfakânsje iepengeane.

2G

In ljochtpuntsje is neffens De Jonge dat minsken nei alle gedachten minder siik wurde fan de omikronfariant. Dochs hopet de demisjonêr minister dat de Twadde Keamer ynstimme sil mei 2G. Mei dizze maatregel kinne allinne minsken dy't yninte binne of dy't al besmet west binne mei it firus, nei de hoareka en eveneminten. De Twadde Keamer hat lykwols in protte beswieren tsjin dizze maatregel.
13:23

RIVM: gjin ferskil tusken delta- en omikronfariant by útslach selstests

Ut ûndersyk fan it RIVM docht bliken dat der by selstests gjin ferskil is tusken it detektearjen fan in besmetting mei de deltafariant en besmetting mei omikron, sa seit it RIVM. Earder kaam út de Feriene Steaten wei it berjocht dat de antigeentests mooglik minder goed wurkje by in besmetting mei omikron.

"Het RIVM heeft de zelftests die in Nederland te koop zijn onderzocht met behulp van een gekweekt levend omikronvirus", seit RIVM-firolooch Chantal Reusken. It Amerikaanse ûndersyk is lykwols dien mei libjend firus yn meunsters fan pasjinten.

"De spike-eiwitten van omikron zijn wat veranderd, maar die antigeentesten zijn niet gericht op de spike-eiwitten, maar op de mantel van het virus, die nauwelijks is veranderd", seit de firolooch.
13:16

De Jonge ropt opnij op: gean net winkeljen oer de grins

Demisjonêr soarchminister De Jonge docht opnij de oprop om net te winkeljen yn België of Dútslân, dêr't de winkels en hoareka wol iepen binne. "Als het in Nederland niet verstandig is in winkelstraten te lopen, is het dat in Antwerpen ook niet en in Aken ook niet."
De ôfrûne dagen giene in protte minsken oer de grins, mei in grut tal files as gefolch.
13:03

WTC Expo yn Ljouwert giet troch mei tarieding beurzen yn it foarjier

It WTC Expo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Nettsjinsteande de strange lockdown giet it WTC Expo yn Ljouwert troch mei de tarieding fan grutte beurzen, lykas Boot Holland en Vrouw. Dat seit direkteur Peter Ourensma.
De twa beurzen steane op de aginda foar maart. Troch de coronamaatregels is it al hast twa jier lyn dat de lêste grutte beurs yn it WTC plakhawwe koe. Der wurde wol hallen brûkt as faksinaasje- en testlokaasje fan de GGD, en foar needopfang fan asylsikers. Dat soarget der neffens Ourensma foar dat WTC Expo noch net yn finansjele problemen kommen is.
Der binne genôch standhâlders dy't har ynskriuwe wolle, ek al is it net wis oft alles trochgean kin yn it foarjier, sa seit Ourensma.
12:26

FNV fynt dat oerheid mei Long Covid-fûns komme moat: "Mensen raken in financiële problemen"

Kitty Jong, vicefoarsitter fan FNV, seit dat se krekt yn dizze dagen mei de oprop foar it Long Covid-fûns komme, om't it sa'n 2 jier lyn is dat de earste soarchmeiwurkers Covid-19 oprûn ha. Boppedat binne der hûnderten meldingen binnen kaam by it Meldpunt fan de FNV.
Een tweede ziektejaar betekent sowieso een inkomensachteruitgang van 30 procent.
Vicefoarsitter Kitty Jong fan fakbûn FNV.
"Er zijn heel veel mensen met Long Covid-klachten. Een aantal daarvan is noodgedwongen aan het werk gegaan afgelopen jaar, vanwege financiële problemen", seit Jong. Se ûnderstreket dat der ek in protte minsken binne dy't troch de sykte no net mear wurkje kinne. "Die raken nu echt in financiële problemen. Een tweede ziektejaar betekent sowieso een inkomensachteruitgang van 30 procent."
Foar oare beropssykten, lykas sykte troch bleatstelling oan asbest, binne neffens Jong al bedragen fan sa'n 20.000 euro útkeard troch de oerheid. Dêrom moat no ek it Long Covid-fûns der komme, fynt fakbûn FNV.
Kitty Jong oer it meldpunt
11:40

Misken út 1983 en 1984 kinne in ôfspraak meitsje foar de boosterprik

11:26

Noardlike sikehûzen pakke foarsichtich lytsere operaasjes wer op

© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
No't it op de ferpleechôfdielingen wat minder drok is mei coronapasjinten, pakke de noardlike sikehûzen hiel foarsichtich de lytsere operaasjes wer op. It giet bygelyks om it ferhelpen fan ljiskbreuken of operaasjes oan de knibbel of galblaas.

Moandei leine der noch sa'n 130 pasjinten op de ferpleechôfdielingen yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Yntusken binne dat noch 85. Op de intensive care bliuwt it noch wol hieltyd drok, dêr binne 51 pasjinten opnaam. Om't it ek noch krystfakânsje is, is it neffens in wurdfierder fan it ROAZ noch net mooglik om operaasjes wer op grutte skaal út te fieren. Der wurdt alle dagen opnij besjoen wat mooglik is.

De sikehûzen hâlde der rekken mei dat it tal opnamen wer oprint as de omikronfariant foar mear besmettingen soarget.
10:04

Yn 2021 opnij minder files troch corona

Troch de coronakrisis wiene der dit jier 57 persint minder files as yn 2019, it lêste jier foar de coronapandemy. Dat seit de ANWB. Benammen yn de moarnsspits wie it rêstich. Wol wiene der mear files troch it minne waar.
Yn 2020 gie it tal files noch fierder omleech. Doe wie der in delgong fan 63 persint. Neffens de ANWB komt dat trochdat der doe in langere lockdown wie.
09:01

75 jier of âlder?

08:10

Fryske kappers dogge mei oan lanlik protest

Kappers yn de gemeenten Smellingerlân, Opsterlân, Ljouwert en Achtkarspelen dogge tongersdei mei oan in lanlike aksje. Mei it protest wolle sy sjen litte dat de stipe yn coronatiid net genôch is.
© ANP
"Yn De Harkema hingje wy spandoeken op, der komt in fjoerkoer en kofje en ik haw noch in tal oare ideeën", fertelt Linda Westerhof. Sy hat kapperswinkels yn De Harkema en De Tynje. "Wa't ús stypje wol, is fan herte wolkom."
08:05

Fan optredens, nei kleanwinkel, nei GGD

De nije lockdown is de safolste klap foar zzp'ers yn de kultuersektor. Froukje Kits is ien fan harren. Sy is gewoanwei sjongster en eveneminte-organisator, mar troch it firus makke sy de oerstap nei in kleanwinkel. No't ek dy yn lockdown is, ferskoot sy op 'e nij fan wurk.
Kits ferline jier yn de kleanwinkel © Omrop Fryslân
07:50

Hans Bakker wol posityf bliuwe, ek nei swiere corona

Hans Bakker fan Harns lei op it rantsje fan de dea nei in coronabesmetting. No, sa'n 15 moannen letter, lizze de kaarten der oars by foar Hans. Hy is yn de haven fan Harns oan de gong mei it opromjen fan syn kotter. "Ik ben gewoon weer aan het vissen."
Hans Bakker foar de fiskkotter © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Bakker: "Na meer dan een jaar eruit gelegen te hebben. Ik heb 17 dagen aan de beademing gehangen. Nog een maand in een revalidatiecentrum. Je merkt nog wel dat je nog heel veel restklachten heb. Het gaat vooruit, maar het wordt nooit meer het niveau van voorheen. Dat is zwaar."
07:45

FNV wol meldpunt foar soarchmeiwurkers mei Long Covid

It fakbûn FNV iepenet in meldpunt foar soarchmeiwurkers mei Long Covid dy't dêrtroch finansjele skea oprinne. FNV pleitet ek foar in spesjaal Long Covid-fûns by de oerheid wei. It fakbûn seit al mear as hûndert meldingen krigen te hawwen fan meiwurkers mei sokke klachten. Neffens FNV is it oannimlik dat sy op it wurk besmet rekke binne en dat de sykte foarkaam wurde kinnen hie troch beskermingsmiddels te brûken.
"De problemen van deze mensen stapelen zich op", seit FNV-vicefoarsitter Kitty Jong. "Over drie maanden belandt de eerste groep medewerkers met Long Covid in de WIA omdat ze dan al twee jaar ziek zijn." Guon slachtoffers moatte it hûs ferkeapje om't de ynkomsten te min wurden binne. "Ze worden in hun gezondheid geraakt, én in hun portemonnee."
07:30

Goeiemoarn!

Wolkom by it liveblog fan woansdei 29 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. It liveblog fan juster neilêze kin hjir.