Froukje Kits: fan sjongster nei kleanwinkel en no GGD-meiwurkster

De nije lockdown is de safolste klap foar zzp'ers yn de kultuersektor. Froukje Kits is ien fan harren. Sy is gewoanwei sjongster en eveneminte-organisator, mar troch it firus makke sy de oerstap nei in kleanwinkel. No't ek dy yn lockdown is, ferskoot sy op 'e nij fan wurk.
Sjongster Froukje Kits fan Ljouwert © Omrop Fryslân
"It gie hurd yn de ôfrûne dagen", fertelt Froukje Kits fan Ljouwert. "Ik stie ferline wike noch yn de winkel, it roaster foar de kommende wiken lei klear. Mar ik kin der wer in streek troch sette."
De optredens wiene fansels al lang skrast, mar no moast de kleanwinkel yn Ljouwert ek noch ticht. It makke Kits wol efkes mismoedich. "Eefkes. Mar it duorret net lang", seit sy.

Oan it wurk yn de boosterkampanje

Want Kits hie gjin nocht om thús te sitten. "Dan komme je in soad fakatueren tsjin by de GGD, foar de registraasje by de boosterkampanje." En sa is sy wer yn oar wurk bedarre.
Froukje Kits oer de nije lockdown
Dêryn is sy net de iennige. "Wy kieze der net foar en bale der fan, mar besykje ek te sjen nei wat der noch wól kin. Zzp'ers sykje oar wurk. Ik kaam tiisdei yn Snits op de faksinaasjelokaasje twa organisatoaren tsjin út de muzykbusiness. Sa siket eltsenien wer wat oars."
Kits ferline jier yn de kleanwinkel © Omrop Fryslân
Grutte produksjes yn de muzyk of kultuer kinne no gewoanwei net út. "Ik fyn gewoan dat wy yn in krisis sitte. Gjinien kiest dêrfoar, dus wy moatte der mei deale. Ik wol der net by del sitten gean, dus ik sykje nei de mooglikheden. Dat jout wer enerzjy."