Operaasje Fryske Flagge: Yde Dykstra stie jierrenlang foar de klasse yn Kanada

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Yde Dykstra wennet yn Kanada.
© Omrop Fryslân
Yde Dykstra - of Ian Dykstra, sa as se him dêr nimme - wennet no 54 jier yn Kanada. Hy is grutbrocht op De Jouwer, mar dêr woe er wei. "Om te bewizen dat ik op eigen fuotten stean koe", sa seit Dykstra. Hy siet doe noch op de Kweekskoalle, dêr't je leare koene foar skoalmaster.
Doe't in klasgenoat werom kaam fan it lân oan de oare kant fan de Atlantyske Oseaan, waard ek Dykstra entûsjast. "Ik bin nei de ambassade stapt, en sa is it bard."

In soad Friezen

"It is wol in frjemd lân, mar der sieten in soad Nederlanners, en ek in soad Friezen", seit Dykstra. Hy kaam yn in gasthús te wenjen fan in âld-Jouster: in kunde fan de famylje. Earste wurke hy yn in fabryk, en simmerdeis yn de bou. Mar hy hie in hiel oar plan: Dykstra woe foar de klasse stean.
Mei de papieren fan de Kweekskoalle ûnder de earm stapte er dêrom nei Toronto, foar in baan yn it ûnderwiis. "Dat giet hjir provinsjaal. Jo moatte nei it 'hol fan de liuw' om wat foarinoar te krijen", seit Dykstra, dy't yn Toronto in eksamen ôflizze moast. "Yn technysk Ingelsk, net yn 'Sesame Street' Ingelsk", seit er laitsjend. Mar it slagge. "Ik gie yn febrewaris fuort, yn septimber hie ik in baan yn it ûnderwiis."

Dútsk en Frânsk

Earst joech er les yn sa'n bytsje alle fakken, doe waard it Dútsk op de 'high skoalle', mar dêrnei spesjalisearre Dykstra him yn it Frânsk. "We ha hjir yn Ontario in wet, dy't bepaalt dat de bern, fan it fjirde learjier ôf, fjirtich minuten de dei Frânske les ha moatte", seit Dykstra.
Mar syn bân mei Fryslân is noch altiten sterk. "Ik hâld it nijs wol by", seit Dykstra. Hy hat boppedat in protte Fryske boeken, fan Hylke Speerstra oant Willem Tjerkstra. Foar syn baan moast er Kanadeesk Steatsboarger wurde, mar "dat is mar in papierke", sa seit er. Dykstra: "Ik bin Frysk yn hert en nieren."
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.
Yde Dykstra út Kanada wei