Fiif bewenners azc Snits ferwûne nei brânstichting yn keuken, ien oanhâlding

Fiif bewenners fan it azc yn Snits binne tiisdeitenacht ferwûne rekke by in útslaande keukenbrân. De plysje hat in 36-jierrige bewenner fan it azc oanholden.
It wie ûnrêstich, fertelt Marko Kinderman fan de brânwacht:
Trije bewenners hiene te folle reek ynazeme en moasten nei it sikehûs. Twa oare bewenners mei snijwûnen koene yn it azc holpen wurde troch ambulânsemeiwurkers.
De fertochte dy't oanholden is, sit noch fêst en wurdt hjoed heard. Der wurdt hjoed ek forinsysk ûndersyk dien nei de brân, wêrby't ien fan de units op it azc-terrein folslein útbrânde. De oare units waarden ûntromme.
Foar de minsken yn de ûnbewenber rekke unit is oare wenromte regele yn it azc.

Opskuor op it terrein

De brân soarge foar frijwat opskuor op it azc-terrein. Tsientallen bewenners fan units flakby de brân waarden út har wenromte helle. Oare bewenners kamen út harsels nei bûten ta. Guon fan harren yn nachtklean en op slippers.
De brânwacht hie de brân frij gau ûnder kontrôle, mar skaalde dochs op fanwege de ûnrêst op it terrein.
De brânwacht dwaande mei it bestriden fan de brân yn it Snitser azc © CAMJO media
"Doe't de earste ambulânsen en brânwachtauto's ferskynden waarden de minsken ûnrêstich, mar doe't de brân út wie waard it gau wer rêstiger", fertelt wurdfierder Marko Kinderman fan Brânwacht Fryslân.
Wurdfierder Marko Kinderman fan Brânwacht Fryslân
Der wiene meardere brânwachten op it plak kaam om de middelbrân út te krijen. Kinderman neamt it in grutte operaasje. "Snits en Drylts binne alarmearre en foar de gearwurking tusken de ferskate helptsjinsten is der GRIP-1 ôfjûn."

Man oanholden

Yn it azc waard al gau ferteld dat de brân ûntstie wie troch brânstichting en ek wa't de mooglike dieder wêze soe. De plysje hat dêrop ien man oanhâlden op fertinking fan brânstichting. "Dat is noch net wis, mar dat idee gie wol rûn", seit Kinderman.