Jesper Hospes: "Femke Kok hat seker wat te sykjen op de Spelen"

"As Femke Kok pykt, dan docht se seker mei", seit Jesper Hospes oer har kânsen op de Spelen. Yn de SportCast prate we op de tredde dei fan it OKT mei Hospes en Douwe de Vries oer Kok, Michelle de Jong en Jorrit Bergsma. We sjogge ek foarút nei de 1.500 meter foar froulju en de 1.000 meter foar manlju.
Femke Kok wûn tiisdei de 500 meter en is dêrtroch wis fan de Olympyske Spelen. Op de 1.000 meter foel se noch bûten de boat en dus stie der wol wat druk op.
Douwe de Vries seach dat de favoriten it net perfekt diene yn de earste 500 meter. "Sjochst yn de earste omloop dat de froulju dy't favoryt wiene net allegear in hiele goede 500 meter ride. Dat de senuwen opspylje. En dan fytst Suzanne Schulting der ynienen tusken. It siet strak op elkoar en dan wurdt dy twadde 500 meter hiel belangryk."

Trije bêste froulju

Jesper Hospes, dy't moandei de ein fan syn karriêre oankundige, is entûsjast oer de trije froulju - Kok, Jutta Leerdam en Michelle de Jong - dy't har no pleatst ha. "De bêste trije froulju gean nei de Spelen ta."
"Wat Michelle dien hat, fyn ik hiel knap", seit Hospes. "Dione Voskamp ried de twadde omloop ynienen in heale sekonde rapper. Dan komt Michelle der mei in 'flekkeleaze' rit ûnder troch. Dat fyn ik echt hiel knap."
Kok en Leerdam binne medaljekandidaten op de Spelen.
Douwe de Vries
Neffens Hospes docht Kok ek serieus mei om de eareplakken yn Peking. "Femke Kok hat der seker wat te sykjen. Dy hat foarich seizoen noch fjouwer wrâldbekers wûn. Yn Peking moat se pike en dan docht se mei."
Douwe de Vries: "Kok en Leerdam binne medaljekandidaten op de Spelen. De froulju stean der ynternasjonaal better foar op de 500 meter as de manlju."
By it olympysk kwalifikaasjetoernoai nimt Omrop Fryslân nei ôfrin fan eltse dei in SportCast op. Ofwikseljend skowe âld-reedrider Douwe de Vries, reedrider Jesper Hospes en Dútslân-bûnscoach Geert Kuiper oan by Omrop-sportferslachjouwers Roelof de Vries en Andor Faber.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.