Femke Kok nei Winterspelen op 500 meter, De Jong yn wachtkeamer

Reedrydster Femke Kok hat har op de 500 meter fersekere fan in olympysk startbewiis. Se wie mei 37,29 de rapste op it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Michelle de Jong waard tredde en mei ek hoopje op de Spelen.
Alle riders mochten twa kear. De rapste fan de twa tiden telde foar de úteinlike útslach. Nei de earste 500 meter hie Kok al de rapste tiid: 37,45. Dat wie twa tsienden rapper as har grutte konkurrinte Jutta Leerdam.
Suzanne Schulting stie ferrassend op it tredde plak: se kaam ta 37,79. Michelle de Jong stie healwei fjirde en soe dêrmei, krekt as op de 1.000 meter fan snein, krekt bûten de matriks falle.

Sterke rit Michelle de Jong

Yn de twadde omloop waard de tiid fan Schulting ferbettere troch Dione Voskamp: 37,68. Sy mocht dêrmei hoopje op in plakje yn de matriks, mar Michelle de Jong kaam dêr mei in sterke rit ûnder: 37,53. Sa rap hie De Jong noch nea riden yn Thialf. Schulting koe harsels net ferbetterje en foel bûten de top trije.
Femke Kok en Michelle de Jong lokwinskje elkoar © ANP
De twa grutte favoriten stienen in streekrjocht duel tsjinoer elkoar yn de lêste rit: Femke Kok en Jutta Leerdam. De Friezinne iepene trije tsienden rapper en koe Leerdam yn it rûntsje krekt foar bliuwe. Mei 37,29 lei se beslach op it earste plak. Leerdam wie trije hûndertsten stadiger.
Troch de winst kin Kok dus har tickets foar Peking boeke. It wurdt har debút op de Olympyske Spelen. "Ik bin der hiel bliid mei en hiel grutsk op. It wie al in dream fan my as lyts famke. Dat ik der no hinne mei, dat is gewoan hiel cool."
Hallo, ik moat dêr wol hinne!
Femke Kok móast wol nei de Spelen ta
Kok stie fol fjoer oan de start, ûnder oare fanwegen har teloarstellende 1.000 meter fan snein. Doe waard se sechsde, net genôch foar de Spelen. "Ik baalde dêr sa bot fan. Dêrom stie ik hjoed sa agressyf oan de start. Hallo, ik moat dêr wol hinne! Dus ik bin hiel ferromme dat it no slagge is."

Michelle de Jong: alles derút helle

Michelle de Jong komt ûnderoan yn de matriks te stean en is dêrom noch net hielendal wis fan har olympyske debút. "Er is een kans. Of de kans groot is, dat weet ik niet. Ik heb er alles uitgehaald op een zenuwslopend moment. Ik rijd mijn snelste opening en mijn snelste rondje ooit hier. Meer kon ik niet doen."
Har sus Antoinette de Jong kin helpe troch harsels noch in pear kear de matriks yn te riden. De mear dûbelde nammen yn de matriks, de grutter de kâns dat Michelle de Jong nei de Spelen ta mei. "Ik hoop dat het supergoed gaat. Dat zal dan ook positief uitwerken voor mij. Het wordt spannend."

Utslach 500 meter

Rider Rapste tiid
1. Femke Kok 37,29
2. Jutta Leerdam 37,32
3. Michelle de Jong 37,53
4. Dione Voskamp 37,68
5. Suzanne Schulting 37,79
6. Marrit Fledderus 37,83 (PR
9. Helga Drost 38,00 (PR)
11. Letitia de Jong 38,23
Marrit Fledderus notearre yn de twadde omloop in persoanlik rekôr: 37,83. Dêrmei einige se as sechsde. Helga Drost hie op de earste 500 meter ek in persoanlik rekôr notearre (38,00). Sy koe harsels net ferbetterje.

Letitia de Jong kin relativearje

Letitia de Jong, net hiel lang lyn noch ien fan de bêste Nederlanners op de sprint, kaam net yn de buert fan in olympysk startbewiis. Troch in langduorjende blessuere hat se net itselde nivo as ôfrûne jierren.
De teloarstelling by Letitia de Jong falt ta. "Ik ha der alles oan dien. Ik ryd myn bêste race fan dit seizoen, mar myn útgongsposysje wie net sa goed. As ik dan 10e, 15e of 6e wurd, dat makket dan ek safolle net út."
Ferline kear miste se de Spelen op 0,01 en no sit de blessuere har dwers. "Miskien is de konklúzje wol dat ik noait op de Spelen ride sil. Mar dat wist ik foar hjoed ek al. Ik hie der al net mear op rekkene."

Reedrydmatriks froulju

Ofstân Wa
1. 1e op 5.000 meter
2. Massastart (oanwiisplak)
3. 1e op 3.000 meter Irene Schouten
4. 2e op 3.000 meter Antoinette de Jong
5. 1e op 500 meter Femke Kok
6. 1e op 1.000 meter Jutta Leerdam
7. 1e op 1.500 meter
8. 2e op 5.000 meter
9. 2e op 1.500 meter
10. 2e op 1.000 meter Antoinette de Jong
11. 3e op 3.000 meter Carlijn Achtereekte
12. 3e op 1.500 meter
13. 3e op 1.000 meter Ireen Wüst
14. 2e op 500 meter Jutta Leerdam
15. 3e op 500 meter Michelle de Jong
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn de matriks binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.