Soevereine Jorrit Bergsma grypt olympysk startbewiis op 10 kilometer

Reedrider Jorrit Bergsma hat him op de 10 kilometer pleatst foar de Olympyske Spelen. Op it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Thialf ried er in tiid fan 12.42,38, goed foar it earste plak.
"Je kinne op it OKT neat winne, allinnich mar ferlieze", sei Bergsma nei ôfrin:
Bergsma ried yn de fiifde fan seis ritten. Yn rit fjouwer hie Beau Snellink de rapste tiid oant dan ta delset: 12.59,74. Dat wie gjin tiid dêr't Bergsma him soargen oer hoegde te meitsjen: hy makke in ûntspannen yndruk en ried in stabile rit.
Lang bleau Bergsma yn de rûntsjes tusken de 30,0 en 30,5. Oan de ein fierde er dat tempo op en kaam er noch ta rûntsjes yn de 29.
Ik woe gewoan in moaie rit delsette, dat is it feilichste.
Jorrit Bergsma
De olympysk kampioen fan 2014 kaam oer de streek yn 12.42,38. Dat is syn fjird bêste tiid ea op dy ôfstân. Twa moannen lyn wie er op it NK trije sekonden rapper.
"Ik woe gewoan in moaie rit delsette", sei Bergsma nei ôfrin. "Dat is it feilichste. En it is aardich slagge: it wie de bedoeling om yn it begjin de 30,5 op te sykjen, dat slagge goed. En ik hie genôch oer om 'm noch in bytsje te 'drukken'. Ik bin hiel tefreden."

Utslach 10 kilometer

1. Jorrit Bergsma 12.42,38
2. Patrick Roest 12.50,84
3. Beau Snelling 12.59,74
4. Jos de Vos 13.02,58
5. Kars Jansman 13.02,95
Bergsma seach dat syn grutte konkurrint Patrick Roest it yn de lêste rit relatyf rêstich oan dwaan koe: hy wie al wis fan in olympysk ticket, omdat er de 5.000 meter wûn hie. Dêrom hie Roest oan it twadde plak op de langste ôfstân genôch.
Op dyselde 5.000 meter wie Bergsma snein twadde wurden. Hy mei beide ôfstannen ride op de Olympyske Spelen yn Peking yn febrewaris.
Jorrit Bergsma nei syn 10 kilometer © Orange Pictures
Echt genietsje fan it OKT docht Bergsma net. It binne kloatewedstriden, fynt er. "Ik ha der benammen bot nei útsjoen dat it achter de rêch is. Je kinne hjir alles ferlieze, en eins neat winne. It is in hobbel op wei nei de Spelen. En dy hobbel moast ik oer."

No NK maraton: "Sjoch ik echt nei út"

No is it tiid foar in oare grutte leafde: it maratonriden. Op nijjiersdei is yn Alkmaar it Nederlânsk kampioenskip en dêr sil Bergsma ek oan de start stean. "Dat is in wedstriid dêr't ik echt nei útsjoch. It is al even lyn dat ik foar it lêst in maraton riden ha."
Bergsma wie tiisdei de iennige Fries op de 10 kilometer. Sven Kramer en Marwin Talsma (siik) hienen har ôfmeld.

Reedrydmatriks manlju

Ofstân Wa
1. 1e op 1.000 meter
2. 1e op 5.000 meter Patrick Roest
3. 1e op 1.500 meter
4. 2e op 1.000 meter
5. 1e op 10.000 meter Jorrit Bergsma
6. Massastart (oanwiisplak)
7. 2e op 1.500 meter
8. 1e op 500 meter Merijn Scheperkamp
9. 3e op 1.000 meter
10. 3e op 1.500 meter
11. 2e op 5.000 meter Jorrit Bergsma
12. 2e op 10.000 meter Patrick Roest
13. 2e op 500 meter Dai Dai N'tab
14. 3e op 5.000 meter Sven Kramer
15. 3e op 500 meter Kai Verbij
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn de matriks binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.