UMCG mei minister om tafel oer sluting hertsjirurgy foar bern

Bernedokter Eduard Verhagen fan it UMCG giet derfan út dat it beslút om de ôfdieling foar bernehertsjirurgy te sluten, weromdraaid wurdt. Dat seit er tsjin RTV Drenthe.
© Corné Sparidaens / ANP
In petysje tsjin it sluten fan de hertsjirugy is mear as 180.000 kear tekene. Undertekeners binne it net iens mei it beslút fan demisjonêr minister Hugo de Jonge om de ôfdieling te sluten en it op twa plakken yn Nederlân te sintralisearjen: Utrecht en Rotterdam.

'Opnieuw om tafel'

Bernedokter Verhagen tinkt dat de kaarten der yntusken oars foar lizze. Neffens him waard net alle ynformaasje bepraat doe't it beslút naam is. Verhagen: "Hoge ambtenaren van het ministerie van Volksgezondheid, Welzijn en Sport (VWS) hebben ons toegezegd dat we in januari opnieuw om de tafel kunnen om te spreken over deze keuze."

75 jier

De ôfdieling foar bernehertsjirugy bestiet al 75 jier en is in ôfdieling foar bern en jongfolwoeksenen mei in oanberne hertôfwiking. It giet om tige spesjalisearre soarch. "Het is een team van tientallen neonatologen, intensive care-kinderverpleegkundigen en gespecialiseerde verpleegkundigen op de operatiekamers", seit Verhagen.

GrienLinks ferbjustere oer plannen

De polityk bemuoit him der yntusken ek mei: de Steatefraksjes fan GrienLinks yn de trije noardlike provinsjes stypje it UMCG yn de striid tsjin it sluten fan de ôfdieling. Neffens de partij falt der mei it sluten in grut gat yn de needsaaklike soarch foar noardlike hertpasjinten.
It Fryske Steatelid Charda Kuipers is ferbjustere dat de op de ôfdieling opboude ekspertize mei ien pinnestreek driget te ferdwinen. "Het ontwricht de gezinnen, de ouders, die nu al op afstand hun kwetsbare kind moeten bijstaan. De reisbelasting bij acute nood én bij het traject dat volgt wordt veel te groot wanneer deze zorg niet meer beschikbaar is in Noord-Nederland."