350 nije besmettingen, steuring by RIVM fertekenet sifers mooglik

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 350 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Troch in technyske steuring binne de gegevens mooglik net folslein.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De 350 positive tests dy't wol trochkaam binne, binne 35 minder as moandei. Doe waarden 385 besmettingen meld.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 460 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 479 besmettingen, in wike lyn op 594.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Noardeast-Fryslân (2) en Smellingerlân.
Der binne fiif Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om ynwenners fan Smellingerlân (2), Achtkarspelen, Eaststellingwerf en Weststellingwerf.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 9.213. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.057.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.