86 kilo fjoerwurk fûn op sliepkeamers by ynwenster fan Hurdegaryp

Yn in hûs yn Hurdegaryp is goed 86 kilo oan fjoerwurk fûn op twa sliepkeamers. De plysje konstatearre dat it in tige gefaalike situaasje wie.
It binne gjin rotsjes en astronautsjes, seit boargemaster Gebben:
Boargemaster Jeroen Gebben hat oan de bewenster in lêst ûnder twangsom oplein, om te foarkommen dat it op 'e nij bart.
It gie om 70 kilo profesjoneel fjoerwurk fan de heechste kategory en nochris 16 kilo oan normaal fjoerwurk. Op ien fan de sliepkeamers waard ek noch slept. Neffens de plysje wie der in grut risiko op brân- en eksploazjegefaar. It fjoerwurk is yn beslach nommen troch de plysje.
Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel
"Je hawwe it net oer rotsjes en astronautsjes, mar om swier fjoerwurk dat letsel of brângefaar opsmite kin", seit boargemaster Gebben. "Der lei echt in soad swier fjoerwurk. It wie yn in wenwyk. Yn it hûs waard ek smookt. Dêrom seine wy: dit moat oars, wy gripe yn."
De lêst ûnder twangsom is neffens de boargemaster in lêste warskôging. "As wy it wer tsjinkomme, dan krijt sy in flinke boete. Dêrnjonken rint der gewoan noch in strafrjochtlik trajekt, mar dat duorret faak wat langer."