Berchhiem Burgum ferlear 14 bewenners: "Ynienen wiene de keammerkes leech"

Hast hûndert minsken yn ferpleechhûs Berchhiem yn Burgum hienen yn febrewaris corona. Bewenners en meiwurkers. Yn in pear wiken tiid ferlearen 14 bewenners de striid tsjin it firus. Mei de minsken dy't der doe middenyn sieten, sjogge we no werom op dy donkere perioade.
Marijke van der Wal © Omrop Fryslân
"By ús op de ôfdieling hiene wy 30 bewenners. Dêrfan binne der 28 siik wurden en 14 ferstoarn." Oan it wurd is Marijke van der Wal. Sy wurket yn Berchhiem op it Hillemahofje. Dat is it part fan it ferpleechhûs dêr't bygelyks minsken mei demintens of Alzheimer ferpleegd wurde.
"Dat makke in hiel soad yndruk. In hiel swiere tiid, in hiel fertrietlike tiid ek", seit sy.
Berchhiem yn Burgum © Noordernieuws.nl / De Vries Media
Van der Wal siet sels ek trije wike thús mei corona. Dêrnei gie se wer oan it wurk. "Dan komme je binnen en sitte der fan de tsien bewenners noch mar fjouwer oan tafel. Fierder is alles fuort. Dan sakket de grûn ûnder je fuotten wei. Dêr kinne je mei je ferstân net by. Dat docht ôfgryslik sear."

"Machteleas oan de sydline"

Koördinearjend ferpleechkundige Afina Hietkamp moast tasjen hoe't de bewenners en de meiwurkers fan it Hillemahofje yn karantêne moasten. Hoewol't de fysike ôfstân minimaal wie, koe de ôfstân tusken de ôfdieling en it haadgebou hast net grutter.
"Der mochten gjin besikers nei binnen. Stiest machteleas oan de sydline. Kinst organisatoarysk wat besykje, mar dêr bliuwt it by. Wy ha in foto makke foar de minsken dêr, mei in opmoedigjende tekst derop, mar fierder kinst neat, útsein mei se meilibje. Dat is hiel dreech."
Al dy minsken dy't ferstoarn binne, dêr kinst mei it ferstân net by.
Ferpleechkundige Marijke van der Wal
Nei in pear wiken wie de slimste útbraak foarby. Nei't der gjin nije besmettingen fûn waarden, koene alle ôfdielingen wer iepen foar besite.
Mar dat wie foar de meiwurkers makliker sein as dien, jout Marijke van der Wal oan: "Der wiene safolle minsken fuort. Minsken dy't altyd tichtby stiene, dêr't wy altyd op past hawwe. Ynienen wiene de keammerkes leech. Dan seagen je wolris nei binnen yn dy keammerkes. Dêr skrokken je eltse kear wer fan."
Afina Hietkamp © Omrop Fryslân
It hat in pear moanne duorre foar't it wer wat normaal fielde. "Dan tocht ik, jeetje, al dy minsken binne ferstoarn. Dêr koene je mei it ferstân net by, as je yn dy keammerkes stapten. Mar dochs die ik it. Ek wol om oantinkens oan de minsken op te heljen. Dêr lei dy en dêr siet dy. Dat hiene je ek wol nedich om it te ferwurkjen en it in plakje te jaan. Want je moatte wol fierder."

"It bêste derfan meitsje"

Undertusken sjocht Afina Hietkamp benammen grutsk werom op dy swiere wiken fan it begjin fan dit jier. "Hast it wol mei syn allen te dwaan. En dy reewillichheid is der ek wol. Eltsenien stiet foar inoar klear. It is in grutte fraach oan dyn personiel. Ekstra wurkje, planningen omsmite, yn folsleine bepakking oan it wurk. It hat hiel swier west en dat is it noch hieltyd."
Ek op it Hillemahofje ha se it yntusken in plakje jûn: "Wy hawwe no wer allegear nije bewenners. En foar minsken mei demintens kin je mar ien ding dwaan: it bêste derfan meitsje", seit Van der Wal. "Alle dagen wer besykje we it gesellich en sa noflik mooglik te meitsjen. Dus je moatte wol fierder. En dêr krije je ek wer de krêft foar om fierder te gean."