Klanten fan fallyt FENOR oernaam troch Budget Energie

Budget Energie nimt de klanten en it personiel oer fan it fallyt ferklearre FENOR. It enerzjybedriuw fan It Hearrenfean rekke yn de finansjele swierrichheden troch de fluch oprinnende enerzjyprizen.
© Google Street View
FENOR levere enerzjy oan 36.000 húshâldens. De oername wurdt op 30 desimber definityf. De fjirtjin meiwurkers wurdt in baan oanbean. Budget Energie is nei eigen sizzen de fjirde energieleveransier fan ús lân mei 700.000 klanten.

Oantreklik foar merkoandiel

Der wiene ferskate gadingmakkers foar de oername fan de klanten. "Het gaat om een grote groep klanten", seit kurator Hillie Lunter. "Daarmee kun je je marktaandeel vergroten."
Budget Energie die it heechste bod, mar Lunter sjocht ek nei oare saken. "Als er eentje wel personeel overneemt en de ander niet, dan ga ik daarvoor. Daarmee is ook een maatschappelijk belang gedekt."
Klanten dy't oergean nei Budget Energie krije yn earste ynstânsje in fariabel kontrakt. Troch ôfspraken mei de gasleveransier ûntfange klanten mei in fêst kontrakt foar gas in goedkeaper gastaryf as dat op dit stuit yn de merk beskikber is.

Fjirde slachtoffer

Earder wiene de bedriuwen Welkom Energie, Enstroga en SEPA Green Energy al slachtoffer wurden fan de hege enerzjyprizen. Dy prizen rinne op no't de gaswinning yn Grinslân stopset is en de gasreserves leech binne. Lytse enerzjybedriuwen hawwe minder middels om dat op te fangen en komme dêrtroch yn de problemen. De enerzjy dy't sy ynkeapje is djoerder as wat de klanten derfoar betelje meie.