Healneakene Ljouwerter oanholden dy't foar auto's oan it springen wie

De plysje fan Ljouwert hat op de Verlengde Schrans in healneakene man oanholden dy't foar auto's oan it springen wie. De 29-jierrige Ljouwerter wie neffens de plysje sichtber ûnder ynfloed fan drugs.
© ANP
De plysje krige moandei in melding fan it hâlden en dragen fan de man om 22.00 oere hinne. De plysje is nei it plak ta kaam en koe de man dêr oanhâlde. Om't de man noch in oanhâlding iepenstean hie, is hy oerbrocht nei de finzenis.