Liveblog | 28 desimber 2021

Coronanijs 28 desimber: XXL-priklokaasje rint as in trein

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 28 desimber 2021, 22:59
tiisdei 28 desimber 2021
22:00

Moarn wer

Oant safier it liveblog mei it Fryske coronanijs fan tiisdei 28 desimber. Moarn is der wer in liveblog.
19:05

XXL-priklokaasje hie in drokke dei

It wie drok op de earste dei fan de XXL-priklokaasje yn Ljouwert:
17:25

Raad voor de rechtspraak kritysk op foarstellen oer coronapas

De Raad voor de rechtspraak is kritysk op foarstellen fan it kabinet om it coronatagongsbewiis út te wreidzjen nei bygelyks wurkplakken. Minsken soene dan allinnich mei in negative testútslach of in faksinaasjebewiis nei it wurk komme meie. Ek oer it eventueel ynfieren fan 2G (dêrby is in negative testútslach net mear genôch foar in coronatagongsbewiis) is de Raad net entûsjast. Dat meldt de NOS.
De Raad fynt de foarstellen ûndúdlik. De maatregels soenen ynfierd wurde as dat fanwegen de folkssûnens nedich is, mar wat dat krekt ynhâldt, is net bekend.
16:04

20 prosint fan de folwoeksenen hat al boosterprik krigen

It RIVM meldt dat 20 prosint fan de folwoeksenen yn Nederlân al in boosterprik krigen hat. Yn de ôfrûne wike binne der 1,16 miljoen boosters set. Yn totaal hawwe sawat 3 miljoen minsken de boosterprik krigen.
15:52

Auto's kinne strjitte yn Easterwâlde wer brûke troch coronafirus

15:19

350 nije coronabesmettingen, lanlik 9.213

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 350 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Troch in technyske steuring binne de gegevens mooglik net folslein.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 9.213. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.057.
15:10

Klasse yn karantêne by mear as twa coronabesmettingen

As der mear as twa coronabesmettings yn koarte tiid yn in groep of klasse fan de berne-opfang of it primêr ûnderwiis fêststeld wurde, dan jildt tenei it advys oan de hiele groep om yn karantêne te gean. Dit advys jildt ek foar personiel, lykas learkrêften, dy't yn kontakt west binne mei posityf teste persoanen.
© ANP
14:57

Omikron dominant yn Nederlân

It RIVM meldt dat mear as de helte fan alle coronabesmettingen yn Nederlân ôfkomstich is fan de omikronfariant. Dit betsjut dat omikron no de dominante fariant is. It RIVM ferwachtet dêrom dat it tal besmettingen en sikehûsopnamen de kommende tiid oprinne sil.
De wikesifers litte op dit stuit noch in posityf byld sjen. Sa binne der yn de ôfrûne wike minder positive coronatests, minder sikehûsopnamen en minder stjergefallen als gefolch fan it coronafirus fêststeld.
14:24

Mear as 200 nije coronapasjinten yn de sikehûzen

Der lizze tiisdei 1992 minsken mei COVID-19 yn de Nederlânske sikehûzen. Fan harren lizze 521 op in ic. Dy sifers sakje yn ferliking mei in dei earder. Doe leinen der 1997 minsken yn it sikehûs en 533 op de ic's.
Wol binne der yn de ôfrûne 24 oeren mear as 200 nije pasjinten mei COVID-19 yn de sikehûzen bedarre. Dat it totale tal coronapasjinten dan dochs sakket, komt trochdat der mear minsken it sikehûs ferlitte mochten of stoarn binne.
13:42

4 jannewaris útspraak yn koart pleit oer de lockdown

De rjochtbank fan Den Haag komt op 4 jannewaris mei in útspraak yn it koart pleit tsjin de steat oer de lockdown. Under oare advokaat Bart Maes fynt dat dy maatregel ynlutsen wurde moat. Neffens him is de lockdown "een drama voor winkeliers, restauranthouders, hoteliers en studenten".
Beide partijen hawwe harren arguminten neame kind. In útspraak wurdt op 4 jannewaris ferwachte.
© ANP
12:38

WHO hellet faksinaasjedoelstelling net

It slagget net om foar de ein fan dit jier 40 prosint fan alle ynwenners fan elts lân te faksinearjen. Dat hie de wrâldsûnensorganisaasje WHO wol graach wollen. Yn 40 fan de 194 lannen is noch gjin 10 prosint fan de ynwenners yninte.
Lannen dy't bot efter rinne binne bygelyks Boerûndy, de Demokratyske Republyk Kongo, Jemen en Kameroen. Yn totaal binne der 8,6 miljard faksinaasjes tatsjinne. Yn guon lannen, lykas Nederlân, hawwe in protte ynwenners al trije prikken hân.
12:02

46 prosint minder operaasjekeamers yn gebrûk as gewoanwei

De Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) meldt dat der moandei 46 prosint minder operaasjekeamers yn gebrûk wiene yn de Nederlânske sikehûzen as gewoanlik. 21 sikehûzen kinne de kritike planbere soarch noch hieltyd net binnen seis wiken leverje.
"De ontwikkelingen rondom de omikronvariant maken dat verdere opschaling van de capaciteit voor de (semi-)acute zorg en kritieke planbare zorg nodig is om de meest urgente zorg de komende tijd doorgang te laten vinden", warskôget de NZa.
10:35

Earste tritigers kinne boosterôfspraak meitsje: 1981 en 1982 oan bar

10:16

Hierknippers demonstrearje tsjin te lege coronakompensaasje

Kappers sille op 30 desimber yn hiel Nederlân demonstrearje tsjin de coronakompensaasje, dy't neffens harren te leech is. Yn 125 fan de 352 gemeenten fan Nederlân sille de hierknippers protestearje.
"Met de demonstratie en actie laten we als kappers op 30 december zien dat we moeten werken omdat de compensatie er niet of onvoldoende voor onze branche is. Om dit binnen de regels te laten zien, zullen we naast de mini-demonstraties in heel het land ook onze stoelen vullen met etalagepoppen", seit kapper Robért Jezewski.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
09:48

'Testen voor Toegang sil GGD mooglik helpe by coronatests'

Stichting Open Nederland (SON), de organisaasje efter Testen voor Toegang sil de GGD mooglik helpe by it ôfnimmen fan coronatests. Wat dy eventuele gearwurking krekt ynhâlde sil, is noch net dúdlik.
By Testen voor Toegang kinne minsken harren teste litte foar in grien finkje yn de CoronaCheck-app. De testen fan de GGD binne bedoeld foar minsken mei klachten.
08:47

XXL-priklokaasje rint as in trein

GGD Fryslân is tiisdei om 07.00 oere úteinset mei it faksinearjen fan minsken yn de XXL-faksinaasjelokaasje yn it WTC yn Ljouwert. It koste noch wol wat muoite om it systeem op gong te krijen, mar neffens GGD Fryslân rint it no as in tierelier.
De XXL-priklokaasje yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lars de Leeuw
Der wiene moarns betiid noch wol minsken dy't by de âlde yngang stiene, dy moasten troch de GGD nei de nije yngong oan de Heliconwei helle wurde. "Mar dêrnei rûn it gau op." Om it WTC-gebou stiene tiisdeitemoarn al lange rigen minsken.
Dat is ek de bedoeling, seit Vonk. "Wy draaie der no sa'n 800 ôfspraken it oere trochhinne. Yn de oare lokaasje hiene wy op ien dei sa'n 4.000 prikken, no sitte wy op sa'n 11.000 prikken de dei."
07:20

Wrakseling mei leararekrapte, mei troch corona

Skoallekoepel Proloog hat by al syn skoallen de fraach dellein oft der noch skood wurde kin mei learkrêften. It ûnderwiis hat al lang te lijen fan personielskrapte, mar mei troch de coronakrisis en it kreamferlof is de need heech.
It advys fan it RIVM is: "Indien je geen 1,5 meter afstand van collega's, ouders/verzorgers en kinderen (dit geldt ook als je met kinderen 0-4 jaar werkt) kunt houden tijdens je werk, is het advies om vanaf 28 weken vervangende werkzaamheden te gaan doen waarbij dit wel kan."
Arjette de Pree, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan skoallekoepel Proloog © Omrop Fryslân
Proloog wrakselet mei dit advys, jout Arjette de Pree oan. "Als je 28 weken zwanger bent, moet je dus anderhalve meter afstand houden tot kinderen. Dat is in het onderwijs nauwelijks te doen, dus vaak stoppen leerkrachten al als zij 28 weken zwanger zijn. Op moment hebben wij ruim twintig zwangere medewerkers, dus wij moeten hen langer vervangen dan wanneer er geen corona zou zijn. Dan zouden de verloven korter zijn."
07:19

Baankânsen jongelju grutter as foar coronakrisis

De baankânsen fan jongelju binne nei de lockdown fan begjin dit jier yn trochsneed boppe it nivo fan foar de coronakrisis kaam. Wol is it sa dat it ferskil grutter wurden is tusken kânsen foar jongelju mei in hegere en legere oplieding. De kânsen foar minsken op it hbo en de universiteit binne tanaam. Mar de kânsen foar mbû'ers namen ôf. Dit docht bliken út ûndersyk fan it Verwey-Jonker Instituut en SEO Economisch Onderzoek.
It ferskil komt neffens har trochdat minsken mei in hegere oplieding makliker thúswurkje kinne en minder faak yn in sektor wurkje dy't folslein op slot gie. Jongelju wurken minder yn de hoareka, mar just mear by de oerheid, sûnenssoarch en bou.
moandei 27 desimber 2021
07:00

Wolkom!

Wolkom by it liveblog fan tiisdei 28 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. It liveblog fan juster neilêze, kin hjir.