'Babyboom' yn Harns, 7 poppen ferwachte mei de jierwiksel: "Beter dan vuurwerk"

Yn alle provinsjes naam it tal berten it ôfrûne jier ta, mar yn Fryslân wie de grutste stiging. Yn Harns gie it al hielendal hurd: dêr waarden 50 persint mear poppen berne.
© Shutterstock.com (JEONGHYEON NOH)
Fan jannewaris oant oktober waarden yn Harns al 42 poppen mear berne as yn deselde moannen fan it jier derfoar. It gie dit jier om 123 bertes, in jier lyn wiene it der 81, docht bliken út sifers fan Independer.

'Spontane reactie'

"Ik heb niet lopen lobbyen", seit ferloskundige Sylvia von Kospoth fan Harns laitsjend. "Ik denk dat het een spontane reactie is."
Mar corona spilet fansels ek in rol, tinkt de ferloskundige. "In die zin dat de Harlingers de gezinsbanden hebben aangetrokken. Dat daar waar de tijden zo zwaar zijn - voor ons allemaal - Harlingers toch voor het leven hebben gekozen."

Swiere tiden

Nettsjinsteande de 'babyboom' kinne de ferloskundigen fan de gemeente Harns it noch wol oan. Von Kospoth: "We passen ons leven erop aan. Verloskundigen zijn heel flexibel. Ik spreek voor alle eerstelijnsverloskundigen."
Dit jier binne der yn Fryslân fan jannewaris oant en mei oktober al 431 mear poppen berne as yn 2020. It giet om 5.284 berten, seit ferlikingssite Independer.
"We hebben wel zware tijden gehad, omdat het in de ziekenhuizen echt spannend is", seit de ferloskundige. Der wiene lykwols in protte 'eerstelijns bevallingen', dêr't de ferloskundigen dan by oanwêzich wêze koene. "Dat is een mooie ontwikkeling, daar zijn we heel blij mee. We werken verder prima samen met alle disciplines."

Sân poppen mei de jierwiksel

Foar de jierwiksel steane der noch wol wat berten op de planning. "Een stuk of zeven", seit Von Kospoth. "Zeven 'nieuwjaarsbaby's'. Dat is beter dan vuurwerk, niet?"
Sylvia von Kospoth oer de 'babyboom' yn Harns