Jesper Hospes grypt njonken ticket foar de Winterspelen op de 500 meter

Jesper Hospes mei net nei de Olympyske Winterspelen op de 500 meter. De rider fan It Hearrenfean koe gjin potten brekke op it olympysk kwalifikaasjetoernoai.
© Orange Pictures
Jesper Hospes kaam by de earste 500 meter yn rit 8 yn aksje. Op dat stuit hie Thomas Krol de fluchste tiid (34,69). Hospes iepene goed (9,70), mar yn it rûntsje ferlear hy it sicht op it poadium. Hy kaam mei in tiid fan 35,23 oer de einstreek. Dat wie op dat stuit goed foar in sechsde plak. Oan de ein fan de earste ritten stie Hospes alfde.
De earste 500 meter waard wûn troch Dai Dai N'tab yn in tiid fan 34,53. Kai Verbij waard twadde yn 34,57 en Merijn Scherperkamp wie tredde mei 34,64.

Twadde rit

Yn de twadde 500 meter krigen alle riders in kâns om harren tiid te ferbetterjen. Hospes wie yn syn twadde race krekt wat flugger as yn syn earste (35,21 om 35,23), mar dat wie net genôch foar in plak by de earste trije.
Scheperkamp fierde de druk op N'tab en Verbij op troch mei 34,45 de fluchste tiid del te setten. N'tab en Verbij kamen der net mear oerhinne. Scheperkamp mei nei de Spelen, N'tab en Verbij sitte yn de wachtkeamer.

Reedrydmatriks manlju

Wa
1. 1e op 1.000 meter
2. Patrick Roest (1e op 5.000 meter)
3. 1e op 1.500 meter
4. 2e op 1.000 meter
5. 1e op 10.000 meter
6. Oanwiisplak massastart
7. 2e op 1.500 meter
8. Merijn Scheperkamp (1e op 500 meter)
9. 3e op 1.000 meter
10. 3e op 1.500 meter
11. Jorrit Bergsma (2e op 5.000 meter)
12. 2e op 10.000 meter
13. Dai Dai N'tab (2e op 500 meter)
14. Sven Kramer (3e op 5.000 meter)
15. Kai Verbij (3e op 500 meter)
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn de matriks binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.