Bakker yn Oentsjerk bakt oaljekoeken foar de âlde bakker dy't ALS hat

Jerke Braaksma, de pensjonearre waarme bakker fan Oentsjerk, hat de sykte ALS. Syn opfolgers Aaldert en Hiltje Bruinsma binne hjir sa fan skrokken dat se folop yn aksje binne foar de Stichting ALS. Op eltse pûde oaljekoeken giet ien euro nei it goeie doel.
De bakkerssaak yn Oentsjerk © Omrop Fryslân
De aksje slacht oan yn it doarp, want der binne ek klanten dy't gjin oaljekoeken hoege, mar wol donearje. "We ha de earste 500 euro ophelle sûnder in oanljekoek te ferkeapjen", fertelt Hiltje Bruinsma.
De aksje is opset yn oerlis mei Braaksma en syn frou en de Stichting ALS. It is it doel om begjin takom jier in cheque oan te bieden oan de Stichting ALS en de famylje Braaksma.

"Hiel fertrietlik"

It berjocht dat Braaksma slim siik is fan ALS en hurd achterút giet makket yndruk yn it doarp. Hiltje Bruinsma fûn dat se wat dwaan moast doe't se hearde hoe siik de foarige bakker fan Oentsjerk is: "Dit gunne je net ien. Dan binne je oan je pensjoen ta en dan wurde je sa siik. Bakkers ha in swier berop en krije wolris wat, lykas rêchklachten. Dêr falt wol wat oan te dwaan. Mar hjirfan wurde je net better. Dat is hiel soer en fertrietlik."
Hiltsje Bruinsma fertelt oer de aksje