Seldsume grutte trap yn 'e boerekoal by Warkum spot

Op it Griene strân by Warkum sit in seldsume grutte trap. De fûgel is ôfkomstich út in briedprojekt yn Dútslân.
© Ilse Hooijmeijer
Om't der yn de jierren 90 yn Dútslân noch mar 57 eksimplaren wiene, is der in beskermingsprojekt opset en binne briedgebieten ôfrastere. Yntusken is it oantal dêrtroch groeit nei sa'n 300 fûgels. Yn 1997 is de lêste wylde grutte trap yn Nederlân sjoen. Yn 2010 is der ek ien út it Dútske programma yn Noard-Brabân spot.
Jos Hooijmeijer hat de fûgel snein opsocht. "Hy is net hiel skou, hear, we stienen op sa'n 100 meter", fertelt de Koudumer. De fûgel sit yn 'e boerekoal en neffens Hooijmeijer bliuwt hy dêr nei alle gedachten ek noch wol even sitten. "Der is genôch boerekoal. Hy siket in plak om te oerwinterjen, dus dat kin salang dy boerekoal der noch stiet."

Bysûnder

Hooijmeijer docht mei heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma al jierren ûndersyk nei de fûgelstân yn Súdwest-Fryslân, mar dan benammen nei de skries. Dat hy no sa ticht by hûs in grutte trap sjen koe, wie hiel bysûnder.
"Ik ha him wol al yn Spanje en Eastenryk sjoen." Dat wiene wol echt wylde fûgels. Dat dit eksimplaar hjir bedarre is, komt neffens Hooijmeijer troch it waar. It waard kâlder yn Dútslân, dus is hy wierskynlik nei it waarmere Westen flein. "En doe kaam de Iselmar, dat is in soarte fan barriêre."