Kloklieders socht foar De Fryske Marren: "Wy wolle it mear libben ynjaan"

Stichting Behoud van Rijksmonumenten is op syk nei minsken dy't de klokken fan de klokkestuollen liede wolle. Wa't him of har no opjout, soe âldjiersnacht al begjinne kinne.
Socht: kloklieders foar De Fryske Marren
De Club van Aanjagers van de Tsjûkemar en Stichting BRM De Fryske Marren makken earder bekend op âldjiersnacht de klokken yn de gemeente te lieden. It idee is om oant 00.30 oere sa'n tritich klokkestuollen en tsjerkeklokken yn beweging te bringen.
Neffens de organisatoaren wurdt dêr no al sa entûsjast op reagearre, dat se de klokken it hiele jier troch ek faker liede wolle by spesjale gelegenheden. "We hawwe dit fjirtjin dagen lyn opstart en it krijt no al fleugels", seit Sjoerdtje Visser fan de Club van Aanjagers.
Jelle Dijkstra liedt de klok fan Teroele © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Der is sels in gilde oprjochte, fertelt Jelle Dijkstra fan Stichting BRM. "Ik hie al in skoft de winsk om in klokliedersgilde op te rjochtsjen. Doe 't de Club van Aanjagers ús benadere foar âld en nij fregen se: meie wy fjouwer fan de klokkestuollen by de Tsjûkemar brûke?"
"It kloklieden is ymmateriaal erfgoed, mar eins in bytsje in 'vergeten kindje'. It wurdt allinnich mar dien by begraffenissen en by tsjerketsjinsten, en wy wolle dat eins wat mear libben ynjaan. Dat de klokken ek let wurde by blide en moaie mominten", seit Dijkstra.
Klokkestoel fan Teroele © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Uteinlik dogge alve klokkestuollen en trettjin tsjerkeklokken mei. Om kloklieder yn it gilde te wurden, is earst wol in koarte kursus nedich. Kursisten gean in kear mei Dijkstra mei om it nedige te learen. "It klinkt maklik, mar der komt in stik technyk by sjen."
De klok moat bygelyks net te heech oplutsen wurde. Want as de bingel twa kear slacht, is dat net goed foar de klok dy't soms iuwenâld is. De brûnzen klok fan Teroele is bygelyks sa'n fjouwer iuwen âld.
Asto klokliedst, hast in bytsje it gefoel datsto wat oan it dwaan bist wat mytysk en ûnferklearber is.
Jelle Dijkstra
De technyk ferskilt ek foar elke klok, seit Dijkstra. Foar him hat it kloklieden wat fabeleftichs. "Asto klokliedst, hast in bytsje it gefoel datsto wat oan it dwaan bist wat mytysk en ûnferklearber is."
Belangstellenden kinne kontakt opnimme mei Stichting BRM De Fryske Marren. It soe dan sels al mooglik wêze om op âldjiersnacht ien fan de klokken te lieden. It is foar alle leeftiden en ûnderfining of in diploma binne net nedich. Wol handich: gefoel foar ritme en in goeie hân-each-koördinaasje.
De beide organisaasjes ha in ynteraktive kaart makke oer it kloklieden mei de jierwiksel:
Jelle Dijkstra fan Stichting BRM en Sjoerdtje de Visser fan de Club van Aanjagers