Tal coronabesmettingen rint fierder werom: ôfrûne dei 385 yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 385 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 15 minder as snein. Doe waarden 400 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 479 besmettingen meld yn Fryslân. Snein lei dat trochsneed op 510 besmettingen, in wike lyn op 596.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet yn beide gefallen om ynwenners fan Hearrenfean.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 11.495. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.095.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.