Der is in protte misbrûk makke fan de boanussen foar de soarch. Dat meldt
RTL Nieuws op basis fan eigen ûndersyk.
Mei de boanus fan it kabinet soene alle soarchmeiwurkers 1000 euro krije. Sa woe it kabinet ferpleechkundigen, fersoargjend personiel en oar personiel, lykas skjinmakkers, stypje. It gie om meiwurkers yn alle sektoaren fan de soarch, dy't direkt of yndirekt te krijen hiene mei it coronafirus.
Mar it jild kaam net altiten op it goeie plak telâne, sa skriuwt RTL Nieuws: "Zo hielden malafide zorgdirecteuren het geld op zak en werden werknemerslijsten gemanipuleerd om meer bonus op te kunnen strijken."