Liveblog | 27 desimber 2021

Coronanijs 27 desimber: Smoardrok by priklokaasje Ljouwert

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 27 desimber 2021, 22:54
moandei 27 desimber 2021
22:51

Oant safier!

Oant safier it liveblog mei it Fryske coronanijs fan moandei 27 desimber. Moarn is der wer in liveblog.
22:17

Faksinaasje-ôfspraak foarearst net te fersetten

It is foarearst net mooglik om in ôfspraak foar in faksinaasje tsjin it coronafirus te fersetten. Dat meldt GGD GHOR. Sa kinne meiwurkers fan de callcenters ienfâldiger senioaren ynplanne foar in boosterôfspraak.
Neffens de GGD's giet 40 prosint fan de telefoantsjes dy't se krije oer it fersetten fan in ôfspraak. Se roppe dêrom op: "Misschien is het tijdstip niet handig of is het vervelend dat een andere afspraak niet kan doorgaan. Desondanks toch deze oproep: heeft u een afspraak voor een booster, kom alstublieft."
16:53

Ek minsken út de 'grypprikgroep' krije útnûging foar de boosterprik

De earste minsken mei in medyske yndikaasje, dy't noch net oan bar wiene foar de boosterprik, krije no in sms dat se earder in ôfspraak meitsje kinne. It giet om minsken út 1981. Dizze groep krige foarrang by de earste faksinaasje en de groep wachtet al langer as seis moannen op de tredde faksinaasje.
Earder sei demisjonêr minister Hugo de Jonge dat dizze groep fan 23 desimber ôf stadichoan in útnûging krije soe. Troch technyske problemen is dat net slagge.
Op it stuit meie allinne minsken dy't yn 1980 of earder berne binne, in ôfspraak meitsje foar de boosterfaksinaasje.
16:34

GGD-direkteur Margreet de Graaf krijt de boosterprik op It Hearrenfean

© Veiligheidsregio Fryslân
16:23

It is tydlik net mooglik om de faksinaasje-ôfspraak te ferpleatsen

It is tydlik net mooglik om in ôfspraak foar in faksinaasje te ferpleatsen, fanwegen de drokte by de callcenters. "Op deze manier heeft de GGD extra tijd om nieuwe boostervaccinaties in te plannen voor ouderen, zodat zij eerder aan de beurt komen", sa seit koepelorganisaasje GGD GHOR Nederlân.
Neffens de GGD bellet 40 persint fan de minsken om't sy in ôfspraak ferpleatse wolle of om't de ôfspraak net mear trochgean kin. Earder gie it om 15 persint. "Deze enorme toename heeft een grote impact op ouderen die alleen telefonisch een afspraak kunnen maken", seit de GGD. It giet dan bygelyks om âlderein dy't gjin DigiD hat en dêrtroch allinne telefoanysk in ôfspraak meitsje kin.
De GGD seit dat minsken dy't echt net mear komme kinne, noch wol annulearje kinne. "Hou er dan wel rekening mee dat u mogelijk pas later aan de beurt bent voor een booster", seit de organisaasje.
16:12

GGD Fryslân ropt minsken op om sûnensferklearring út te printen

15:43

Smoardrok by de priklokaasje yn Ljouwert

De XXL-priklokaasje fan GGD Fryslân sil moarn foar it earst iepen wêze. Earder waard sein dat dêr hjoed mei úteinset wurde soe, mar dat sil dus moarn safier wêze.
It is de bedoeling dat oan de ein fan de wike allinne noch mar yn de grutte seal prikt wurdt, en net mear yn de hokjes dêr't de minsken no noch yn faksinearre wurde.
15:34

Minsken fan 1980 binne no ek oan bar foar de boosterprik

15:21

Tal coronabesmettingen rint fierder werom

De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 385 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 15 minder as snein. Doe waarden 400 besmettingen meld.
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 479 besmettingen meld yn Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 11.495. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.095.
15:09

Boosterprik foar de ynwenners fan It Amelân op 18 en 19 jannewaris

14:09

533 coronapasjinten op de lanlike ic's, leechste tal pasjinten sûnt ein novimber

© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
It tal coronapasjinten op de ic's yn de Nederlânske sikehûzen is moandei mei acht omleech gien: it binne der no 533. Dit oantal wie sûnt 26 novimber net mear sa leech, docht bliken út sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
Yn de Nederlânske sikehûzen lizze no yn totaal 1997 coronapasjinten. Dat binne der 14 mear as snein. It is wol foar de tredde dei op rige dat der minder as 2000 minsken mei covid-19 yn it sikehûs lizze.
13:39

Nederlanners lûke manmachtich nei België

Fanwegen de lockdown lûke in protte Nederlanners nei België, dêr't bygelyks winkels noch iepen binne.
"Vooral op de wegen naar Antwerpen was het vanmorgen al opvallend druk", seit in ANWB-wurdfierder. De organisaasje wol it minsken net ôfriede. "Mensen hebben hun eigen verantwoordelijkheid, maar ze moeten zich afvragen of het wel verstandig is", sa lit de ANWB litte.
12:35

Fraude mei boanussen foar soarchmeiwurkers

Der is in protte misbrûk makke fan de boanussen foar de soarch. Dat meldt RTL Nieuws op basis fan eigen ûndersyk.
Mei de boanus fan it kabinet soene alle soarchmeiwurkers 1000 euro krije. Sa woe it kabinet ferpleechkundigen, fersoargjend personiel en oar personiel, lykas skjinmakkers, stypje. It gie om meiwurkers yn alle sektoaren fan de soarch, dy't direkt of yndirekt te krijen hiene mei it coronafirus.
Mar it jild kaam net altiten op it goeie plak telâne, sa skriuwt RTL Nieuws: "Zo hielden malafide zorgdirecteuren het geld op zak en werden werknemerslijsten gemanipuleerd om meer bonus op te kunnen strijken."
11:47

It is drok by de priklokaasje yn Drachten

Priklokaasje Drachten © Atze
10:35

Bertejierren 1978 en 1979 meie ôfspraak meitsje foar de boosterprik

10:04

56 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen

© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Der lizze op it stuit 56 pasjinten mei Covid-19 yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze der 16 op de ic.
Tongersdei 23 desimber gie it noch om 68 coronapasjinten, en om 18 minsken mei corona op de ic.

Noardlike sikehûzen

Yn de noardlike sikehûzen lizze no 133 coronapasjinten; dêrfan lizze der 48 op in ic-bêd.
06:35

GGD: helje booster net yn it bûtenlân

De GGD advisearret mei klam om gjin boosterprikken oer de grins te heljen. It kin problemen opsmite by de registraasje yn de CoronaCheck-app. Dat seit in wurdfierster fan koepelorganisaasje GGD GHOR Nederlân.
Minsken dy 't yn Dútslân in booster helje bygelyks, sjogge dat net werom by it faksinaasjebewiis yn harren CoronaCheck-app. Se kinne achterôf mei in registraasje yn Nederlân allinnich in papieren coronatagongsbewiis (CTB) krije. Se krije gjin Digitaal Corona Sertifikaat om mei reizgje te kinnen. Dat lêste is de ferantwurdlikheid fan it Europeeske lân dêr 't minsken de booster helje, seit de wurdfierster.
"Om teleurstellingen te voorkomen adviseren we mensen zich in Nederland te laten prikken. Het zetten van de boosters gaat nu ontzettend snel in Nederland, levert achteraf geen problemen op en is het meteen goed geregistreerd in CoronaCheck-app."
06:30

Goeiemoarn!

Wolkom by it liveblog fan moandei 27 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân.