Swimbad Ny Sudersé sjocht werom op deadlik ûngelok: "Je ferjitte it nea wer"

It jier is hast ta in ein kaam en dêrom sjogge we werom mei Friezen dy't yn it nijs west ha. Mei Martin en Jinke Doef bygelyks. De eigeners fan swimbad Ny Sudersé op De Lemmer kamen grut yn it nijs nei in deadlik ûngelok. De 11-jierrige Adonay Berhe út Eritreä ferdronk yn harren swimbad.
Martin en Jinke Doef fan swimbad Ny Sudersé © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Adonay wie as asylsiker yn it azc fan Balk terjochte kaam. Dy bern krigen swimles yn Ny Sudersé. Mar op 6 febrewaris 2020 ferdronk Adonay yn it swimbad.
De mem fan de 11-jierrige jonge stelde it swimbad oanspraaklik. Dit jier wie de rjochtsaak en Martin krige in taakstraf. Neffens de rjochtbank hie der better tafersjoch holden wurde moatten.

'Soad triennen litten'

Jinke en Martin binne troch it barren bot oandien. "Dit wie in bizar jier", seit Jinke. "It wie in rollercoaster dêr't gjin ein oan kaam en it hat foar eltsenien gefolgen hân. Wy hawwe in soad triennen litten en alle emoasje kaam los."
Martin en Jinke Doef oer harren jier
"We hebben grote ups en downs gehad", follet Martin syn frou oan. "Die rechtszaak had een behoorlijke impact en dat vreet aan je. Het heeft anderhalf jaar geduurd voordat de rechtszaak kwam en dan beleef je alles weer opnieuw. Blij dat het afgerond is."

Mentale striid

Sa fielt it foar de beide swimbadeigeners wol. Se binne bliid dat it boek no ticht kin. Se ha in emosjonele tiid hân, dêr't benammen Martin min om sliepe koe. Dochs liket de rjochtsaak no de ein fan in grutte mentale striid.
Je nimme it de rest fan je libben mei.
Jinke Doef
"Mei respekt nei de âlden en oare famyljeleden fan Adonay ta. Je ferjitte it nea wer en je nimme it de rest fan je libben mei", seit Jinke. "Mar ek foar ús is dat bliuwend fertriet. Alle meiwurkers ha dermei te krijen hân. Ferjit net dat dit de nachtmerje is fan elke swimynstrukteur. Dit hoopje nea mei te meitsjen."

'Nea wat fertelle kinnen'

Mar op De Lemmer makken se it wol mei. Martin en Jinke binne yn jannewaris twa jier eigener fan it bedriuw. Se ha allinnich noch mar de coronaperioade meimakke en it barren mei Adonay.
"Yn de rjochtbank wêze wie in flinke opjefte", seit Jinke. "Je belibje dan alles wer op 'e nij. It hiele ferhaal komt werom. Alles wurdt besprutsen en dêrnei krije de partijen it wurd. Je sitte der dan wer middenyn. Mar it is moai dat it bepraat wurdt. Wy hawwe nea wat fertelle kinnen, dat wie wol dreech. De advokaat docht it wurd, dat is dreech."
Swimbad Ny Sudersé op 'e Lemmer © Shutterstock.com (Henk Vrieselaar)
Mar net allinnich de rjochtbank lit spoaren nei. "Het was ook heel pittig om de media over je heen te krijgen", seit Martin. "Het is af en toe best wel vervelend. Het gaat je allemaal echt niet zomaar in de koude kleren zitten."

'Net libje mei eangst'

Dochs sjogge Martin en Jinke posityf nei 2022. Se hoopje nea wer soks mei te meitsjen as it ferstjerren fan Adonay. "Yn je efterholle wit je dat dizze risiko's der binne", seit Jinke. "Sa realistysk moat je wêze. Mar je moatte je libben net troch eangst liede litte. Wy geane gewoan foar in moai jier."
Har man Martin: "Als we weer open mogen, dan wordt 2022 een heel mooi jaar."