Ferskate ûngelokken troch glêde moandeitemoarn

Op ferskate Fryske diken ha moandei ûngelokken west troch de glêdens. De Wâldwei tusken Garyp en Ljouwert hat in skoft ticht west. De glêdens is yntusken fuort.
© Omrop Fryslân
De glêdens waard feroarsake troch izel en it befriezen fan storein. It KNMI hie dêrfoar earst koade giel en letter sels koade oranje ôfjûn. Op de struikaart fan Rykswettersteat wie te sjen dat de temperatuer fan diken yn in grut part fan Fryslân ûnder de nul graden lei.
Under oare op de A7 tusken Toppenhuzen en Snits, op it knooppunt It Hearrenfean en op de N31 by it akwadukt Langdiel ha ûngelokken west. Dy lêste dyk hat in skoftlang ticht west.
Veiligheidsregio Fryslân ropt minsken op om thús te bliuwen as dat kin:
It KNMI rôp minsken dy't noch op paad moatte op it waarberjocht goed yn de gaten te hâlden en it rydgedrach oan te passen.

Letter waarmer

Yn de rin fan de dei is it waarmer wurden en dêrmei is de glêdens ferdwûn. Waarman Piet Paulusma foarseit foar letter yn de wike temperatueren fan boppe de tsien graden, dat is heech foar de tiid fan it jier.
Sneintemoarn hie it KNMI ek al in koade giel ôfkundige.