'Keninginne fan it Fryske liet' Anneke Douma set punt efter karriêre

"It wie in dreech beslút en ik ha der in pear jier oer neitocht", fertelt Anneke Douma (1944). "Mar ik hâld op mei optreden en sjongen. Sjonge wie altyd in útlitklep foar myn gefoelslibben, sjonge is as sykheljen foar my. "
'Keninginne fan it Fryske liet' Anneke Douma hâldt op mei optreden en sjongen
Al foar corona krige se minder optredens. "Nij talint komt op en dat heart ek sa, mar ik fûn it wol in striid en moast leare dêrmei om te gean. Ik ha fan it beslút echt sliepeleaze nachten hân en in soad fertriet. Ik waard depressyf, want sjonge heart by my. Op myn fjirde stie ik al te sjongen foar minsken. Boppedat fielde ik my feilich op it poadium."
Anneke Douma © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Ik kin weromsjen en sizze dat ik in geweldich libben hân ha.
Anneke Douma
Nei in skoft kaam de akseptaasje. "Dat fielde as in oerwinning, mar ik bin no gelokkich, sûnder te sjongen en op te treden. Ik ha ommers in prachtige karriêre fan sechtich jier hân. Ik ha oeral west en alles dien. Ik kin weromsjen en sizze dat ik in geweldich libben hân ha."

'Tiid foar mysels'

"En ik ha no ek tiid om te beseffen wa't ik bin. Ik wie altyd drok mei optredens en stie altyd yn tsjinst fan it publyk. En dat ha ik mei alle leafde en plezier dien, mar no moat ik neat mear en ik ha no tiid foar mysels."
It beslút makke Douma mei sin net buorkundich. "Ik bin net sa'n type om elk jubileum te fieren. Elke fakman docht syn wurk, sa bysûnder is it net wat ik doch. En it joech my ek tefolle spanning. Ik ha safolle fijne kollega's, wa soe ik dan útnûgje moatte? Dus ik tocht: lit mar."
Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Anneke Douma:

Doar op in kier

Hoewol't se dus net mear optrede sil, hâldt se de doar op in lytse kier. "As gast soe ik noch wol in pear lietsjes sjonge wolle, as ik dwaan mei wat ik sels wol. Ik gean net mear nei mear kafees of fersoargingshuzen. Ien fan myn lêste kearen wie in optreden foar de Zonnebloem, dan sliep ik nachts net fan de spanning. Dêr ha ik gjin sin mear oan."
Dy spanning hat se har hiele karriêre hân. "Ik wie altyd senuwachtich foar in optreden. As sjongeres ha ik altyd wol in perfeksjonist west en ik woe ferbining meitsje mei publyk. Ik wol tichtby de minsken stean en dan moatst sjen en fiele om de minsken derby te krijen."
Anneke Douma © Priveefoto
Anneke Douma waard as famke fan 14 jier al sjongeres frege by ferskate orkesten, dy't by brulloften en partijen spilen. Har karriêre naam in flecht doe't Pier Sambrink har frege foar syn populêre orkest De Sambrinco's. Har earste solosingle wie in joadelliet, mar se song ek al gau Frysktalich. Yn 1996 kaam it grutte sukses mei it Liwwadder nûmer ''t Woanskip' en in jier letter krige se lanlike bekendheid mei 'Bonkefeart'.
Yn 1997 folgen we Anneke Douma: