Sven Kramer makket noch kâns op ticket Spelen: "Efkes ôfwachtsje"

It wurdt noch efkes spannend, mar Sven Kramer is tichtby in startbewiis foar de Olympyske Spelen. Mei in tredde plak op de 5.000 meter liet de rider sjen yn foarm te wêzen.
Sven Kramer makket noch kâns op de Spelen:
Njoggen riders meie nei de Spelen en der wurden ek noch riders keazen foar de ploege-efterfolging. "It is noch efkes ôfwachtsjen, mar normaal sprutsen gean ik no nei de fiif kilometer en de team pursuit", tinkt Kramer.
Hy ried yn 6.12,29 nei it tredde plak op it OKT, dat it fjirtjinde plak op de matriks opleveret. Net hiel heech, mar de ploege-eftergolging kin dan noch wolris helpe. "Ik ha de team pursuit noch efter de hân, dat sil myn kâns om de fiif kilometer te riden ferbetterje", sa seit Kramer.

Tsien kilometer

Oft er de tsien kilometer ek ride sil, is Kramer noch net hielendal oer út. "Ik wol oer tsien dagen it EK ride, dus efkes sjen wat we dogge. It is foar my gjin prioriteit, mar at ik der toch bin, we sjogge it wol. Miskien moat ik jûn wol nei Noordlaren", laket Kramer.