In protte iiswille yn de hiele provinsje op twadde krystdei

By Eagmaryp stienen sneintemoarn tsientallen minsken op it iis, op de mei in laachje iis bedutsen greiden oan De Dolte.
Reedriders by Eagmaryp
Ek op de Ryptsjerksterpolder wienen op twadde krystdei al betiid minsken op de redens te finen. "Schaatsen met kerst is bijna net zo uniek als een witte kerst" fertelde ien fan de riders.
Hoewol't de gefoelstemperatuer mei -12 flink leech wie, wienen tal fan reedrydleafhawwers op it iis op de ûnderstrûpte greide te finen. Dat natueriis lei der better by as earder dizze wike. Woansdei lei der noch gjin twa sintimeter, no is dat op guon plakken oangroeid ta 3 oant 5 sintimeter.
By de Potskar by de Snitser Mar waard ek in soad riden.
Ek by de Snitser Mar wurdt riden:
Minsken moasten wol goed oppasse. Net oeral wie it iis like sterk. Sa sakke in man by Snits troch it iis. Hy hie in wûne oan syn holle en is oerbrocht nei it sikehûs.