Bergsma nei Olympyske Spelen, Kramer ek tichtby ticket

Jorrit Bergsma is snein twadde wurden op de 5.000 meter op it OKT yn Thialf. Sven Kramer sette de tredde tiid del. Bergsma is dêrmei sa goed as wis fan in ticket nei Peking, Kramer moat noch efkes ôfwachtsje.
Jorrit Bergsma bliid mei kwalifikaasje foar Olympyske Spelen:
Kramer sette mei goeie rondes útein en rjochting it ein fan de rit koe er sels noch hurder, mei in ronde 28.9 foar de bel. Hy sette dan ek fierwei de rapste tiid foar de dweilpauze del: 6.12.29.

Nei in aardige tiid fan Marcel Bosker (6.13,60) wie it oan Patrick Roest. Fan begjin ôf oan riid hy rapper as Kramer en kaam yn 6.08,64 as rapste oer de einstreek.
Yn de lêste rit slagge it ek Jorrit Bergsma noch ûnder de tiid fan Kramer te dûken. Yn 6.11,14 ried hy nei it twadde plak. Bergsma fertsjinnet mei syn twadde tiid it alfde plak op de matriks, gewoanwei genôch foar in ticket.

Matriks

Kramer komt op it fjirtjinde plak. Nederlân mei njoggen riders stjoere, dus Kramer is noch ôfhinklik fan de oare resultaten. En der moatte noch riders oanwezen wurde foar de ploege-efterfolging.

Reedrydmatriks manlju

Wa
1. 1e op 1.000 meter
2. Patrick Roest (1e op 5.000 meter)
3. 1e op 1.500 meter
4. 2e op 1.000 meter
5. 1e op 10.000 meter
6. Oanwiisplak massastart
7. 2e op 1.500 meter
8. 1e op 500 meter
9. 3e op 1.000 meter
10. 3e op 1.500 meter
11. Jorrit Bergsma (2e op 5.000 meter)
12. 2e op 10.000 meter
13. 2e op 500 meter
14. Sven Kramer (3e op 5.000 meter)
15. 3e op 500 meter
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn de matriks binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.
De fiif kilometer rûn foar Marwin Talsma út op in desepsje. De Grouster waard lêste yn in tiid fan 6.42,49. Hy lei fjouwer dagen siik op bêd en wie snein noch net hielendal fit.
Marwin Talsma waard lêste op de 5.000 meter: