400 nije coronabesmettings yn Fryslân, twa stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 400 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 53 minder as sneon. Doe waarden 453 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 510 besmettingen meld yn Fryslân. Sneon lei dat trochsneed op 540 besmettingen, in wike lyn op 603.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat binne ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen en Súdwest-Fryslân.
Der binne trije Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om ynwenners fan Achtkarspelen, Opsterlân en Waadhoeke.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 11.962. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 12.195.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.