Antoinette de Jong twadde op olympyske kwalifikaasje 1.000 meter

Antoinette de Jong is sneintemiddei twadde wurden op de 1.000 meter op it OKT yn Thialf. De winst op de earste ôfstân wie foar Jutta Leerdam.
Antoinette de Jong oer har 1.000 meter:
Yn Thialf stiet it OKT de kommende dagen op it programma, de wedstriden bepale wa't nei de Olympyske Spelen yn Peking meie. Snein wurde de earste tickets foar de Winterspelen ferdield.

Reedrydmatriks froulju

Wa
1. 1e op 5.000 meter
2. Oanwiisplak massastart
3. 1e op 3.000 meter
4. 2e op 3.000 meter
5. 1e op 500 meter
6. Jutta Leerdam (1e op 1.000 meter)
7. 1e op 1.500 meter
8. 2e op 5.000 meter
9. 2e op 1.500 meter
10. Antoinette de Jong (2e op 1.000 meter)
11. 3e op 3.000 meter
12. 3e op 1.500 meter
13. Ireen Wüst (3e op 1.000 meter)
14. 2e op 500 meter
15. 3e op 500 meter
Nederlân mei njoggen riders nei de Olympyske Spelen ta stjoere. De earste seis yn de matriks binne wis fan in olympysk ticket. Dêrnjonken wiist de KNSB noch trije riders oan.
Ien fan de riders dy't in ticket foar Peking helje wol is Suzanne Schulting. Se wie al wis fan in tal tickets op de shorttrackôfstannen en woe dêr op de tûzen meter noch in langebaanticket by helje. Mar har tiid fan 1.15,42 wie net genôch foar in startplak.
Rapper wie Marijke Groenewoud: se ried nei 1.15,21 en stie dêrmei lang op it tredde plak. Dat plak waard mei noch 2 ritten te gean oernaam troch Femke Kok. Sy like ûnderweis nei de fluchste tiid, mar sakke yn de lêste ronde yn.
De fluchste tiid waard yn de lêste rit delsetten troch Jutta Leerdam mei 1.14,09. Antoinette de Jong pakte it twadde plak yn in tiid fan 1.14,61, krekt foar Ireen Wüst en Michelle de Jong. Olympysk kampioen fan 2018 Jorien ter Mors waard fiifde.
Michelle de Jong nei ôfrin fan de 1.000 meter: