KNSB skriuwt earste maraton op natueriis út yn Noordlaren

Maratonriders kinne har opmeitsje foar de earste maraton op natueriis dizze winter. Reedrydbûn KNSB skriuwt de wedstriid út foar dizze sneintejûn oere yn Noordlaren (Grinslân).
Minsken fan de KNSB mjitte it iis © Noordernieuws
De iisferiening dêr hat mei de flinke nachtfroast al in iisflier oanlizze kinnen op de asfaltbaan. Willem Hut, kompetysjelieder maraton fan de KNSB, hat tusken de middei de dikte fan it iis metten en de iisflier goedkard.
"Der leit in prima iisflier, we meitsje der jûn in moaie wedstriid fan. Machtich dat it wer kin", seit Willem Hut. "We binne no dwaande om de lêste formaliteiten mei de gemeente Grinslân ôf te rûnjen."
De wedstriid foar de froulju begjint 19.00 oere. Se ride in wedstriid oer 80 ronden. De manlju starte om 20.00 oere en ride 125 ronden.
Fanwegen de coronamaatregels mei der gjin publyk by.