Lêste stimdei foar de Fryske top 100; bepaal mei wat de nûmer 1 wurdt

Dizze twadde krystdei is de lêste dei datst stimme kinst foar de Fryske top 100. Bepaal mei wat op nûmer 1 komt; dat kin online www.frysketop100.nl en kinst ek belje mei ferskate Fryske pommeranten yn it belpanel.
© Omrop Fryslân
It belpanel is tusken 13.00 en 17.00 oere te berikken op nûmer 058 - 2 12 36 18.
Yn it belteam fan bekende Friezen sitte û.o. Margreet de Graaf, Folkert Hans Tolsma, Carla de Bruine, Faske, Martsje Paulusma, Jesse van Wieren, Eduard Rekker, vlogster Tjits, Tiete Sijens en Afke Boven.
Belpanel © Omrop Fryslân

Krystbesite

Ferslachjouwer Geert van Tuinen giet fierder op krystbesite oan hûs by deputearre Sietske Poepjes, boargemaster Ina Sjerps fan Harns, Jan de Vries (assistint-skiedsrjochter yn topteam Makkelie) en syn frou Gezina van der Zwaag (sjongeres en muzykdosint), muzykkafee Ma Kelly's yn Fryske Peallen en Theo Woudstra, dy't in boekingskantoar foar artysten hat, en dêrneist no manager is fan in teststrjitte.
It programma is fan 13.00 oant 18.00 oere te folgjen op de radio en telefyzje en wurdt presintearre troch Diana de Groot en Eric Ennema.

Fryske top 100 op âldjiersdei

De Fryske top 100 wurdt op âldjiersdei op radio en telefyzje útstjoerd fan 6.00 oant 18.00 oere. Kinst ek dit jier wer foto's fan dyn âldjiersdei stjoere nei de Omrop app (of fia www.frysketop100.nl) en wa wit komme se foarby op telefyzje by Omrop Fryslân.