Van der Pal swimt goed 100 kilometer as ideale tarieding op Alvestêdetriatlon

Triatleet Stefan van der Pal fan Ljouwert is him al drok oan it tarieden op syn meunstertocht. Dizze simmer wol hy de Alvêstedetocht swimmend, fytsend en hurddravend folbringe.
Stefan van der Pal yn tarieding foar de Alvestêdetriatlon © J-ro Media
De earste goede training fan goed 100 kilometer yn it swimbad sit derop. No is it tiid om by te kommen ûnder de krystbeam.
Foar Van der Pal begûn de tarieding eins dizze simmer al. Doe moast hy troch alle coronamaatregels syn plannen om de Alvestêdetocht swimmend te folbringen, skrasse. Fuort makke hy bekend it dan oars te dwaan: as triatlon, 600 kilometer efterinoar.
Earst swimme, dan bykomme op de fyts en dan de lêste 200 kilometer hurddrave. "Ja, ik moet eerlijk zeggen dat de voorbereiding voor het zwemmen afgelopen jaar makkelijk ging. Wij hebben constant gezegd: wij gaan hiervoor. Dan gaan we nu iets doen wat nog niet is gedaan en dat is dit onderdeel."
Het fietsen zie ik als een soort herstelmoment. Wat bij het lopen meespeelt zijn de voeten.
Stefan van der Pal
De kommende tiid skroevet Van der Pal syn trainingsarbeid fierder op. Yn maaie wol hy dan sjen oft hy 180 kilometer swimme kin. Mar, dat is mar ien fan de trije ûnderdielen.
De triatleet sjocht it meast op tsjin it hurdrinnen: "Het fietsen zie ik als een soort herstelmoment. Wat bij het lopen meespeelt zijn de voeten. Hoe zijn die na die lange zwempartij? En kunnen die de schokbelasting aan? Je kunt je er alleen op voorbereiden door te trainen, trainen en te trainen."

Mindset

Maklik wurdt it net, wit ek Van der Pal. "Als het koppie maar goed zit. En als je de juiste mindset kunt inzetten zal dat veel makkelijker gaan, dan als je in je hoofd allemaal moeilijkheden opzoekt."
Wannear't hy los wol, is noch net dúdlik. Van der Pal hat syn pylken rjochte op in fiiftal data yn de simmer. As de triatleet losgiet, tinkt hy sa'n fjouwer dagen ûnderweis te wêzen mei syn swimtocht. It fytsen nimt in heale dei en it draven in lytse 30 oeren.
Stefan van der Pal
Stefan van der Pal (argyffoto) © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Neist Stefan van der Pal hat ek Maarten van der Weijden oankundige in triatlon lâns de alve Fryske stêden folbringe te wolle. Van der Weijden wol dat yn 2023 dwaan.