Q&A: Wat kinne we ferwachtsje fan it olympysk kwalifikaasjetoernoai?

De Olympyske Spelen binne it wichtichste reedrydtoernoai fan it seizoen, mar it olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT) komt dêr hiel ticht by yn de buert. Mei sportferslachjouwer Andor Faber sjogge we foarút op it toernoai.
© Omrop Fryslân
Wêrom is it OKT sa wichtich?
"De namme seit it al: olympysk kwalifikaasjetoernoai (OKT). Je kinne je dêr kwalifisearje foar de Olympyske Spelen en dat toernoai is foar alle reedriders it heechst helbere. Alles wurdt dêr foar oan de kant set. Sa sloegen in soad reedriders de lêste wrâldbeker yn Calgary oer, om better tawurkje te kinnen nei it OKT."
Hoe kinne je je kwalifisearje?
"Dêrfoar hat reedrydbûn KNSB in saneamde matriks opsteld. Dy sjogge je hjirûnder op it plaatsje. Nederlân mei njoggen manlju en njoggen froulju nei de Spelen ta stjoere. De earste njoggen fan dy matriks pleatse harren gewoanwei foar de Spelen. Sit der ien dûbelde namme tusken, dan mei ek dejinge dy't op plak tsien fan de matriks stiet nei de Spelen. Dêrnei plak alve en sa kinne je trochgean.
Koartsein komt it der op del dat je op it poadium einigje moatte op in ôfstân as je kâns meitsje wolle op de Spelen."
De reedrydmatriks fan 2022 © Omrop Fryslân
Wa wurdt de grutste ferrassing?
"Poeh, ik sil de glêzen bol der ris efkes by pakke. Ik tink dat der net in soad ferrassings wêze sille. Eltsenien wurket hjir sa bot nei ta, dat eltse rider top wêze sil. En dus krije we de ferhâldings sa as we dy wend binne, bygelyks fan it NK ôfstannen earder dit seizoen.
Mar as ik der ien útpikke moat, is dat Michelle de Jong. Se hat oan de begjin fan it seizoen sein dat se wrâldbekers ride hast noch wichtiger fûn as pleatsing foar de Spelen. Dêrtroch stiet se mei minder druk oan de start as de oaren. Ien neidiel foar har is dat de 500 meter hiel leech op de matriks stiet, dus dat se by bygelyks in tredde plak mar ôfwachtsje moat oft se it hellet."
Wa wurdt de grutste teloarstelling?
"De grutste teloarstelling fyn ik in te grut wurd. Mar ik tink dat Marwin Talsma wol ris njonken in ticket gripe kin. Hy makke by de lêste wrâldbekers in wat útbluste yndruk op my. En by de froulju freezje ik it slimste foar Letitia de Jong. Ast it my twa jier lyn frege hiest, hie ik har namme hûndert prosint opskreaun foar dizze Winterspelen. Mar in ferfelende, langduorjende blessuere makket dat se no tekoart komt foar in ticket, tink ik."
Sven Kramer yn aksje by de lêste trainingswedstriid © Orange Pictures
Hellet Sven Kramer de Olympyske Spelen?
"Dit is miskien wol de fraach dy't in hiel soad sportleafhawwers hawwe. Oant oardel moanne lyn soe ik sizze: ja, hy hellet it. Want as ien wit op hokker momint oft je pike moatte, is it Sven Kramer wol. En eins tink ik noch hieltyd dat er it hellet. Mar dat sil miskien wol net op 'syn' 5.000 meter wêze. Patrick Roest en Jorrit Bergsma binne him dêr gewoanwei te fluch ôf en mei in tredde plak moatte je mar ôfwachtsje oft je nei Peking meie.
Der is allinnich wol noch in 'escape' foar Kramer, om mar in moai Frysk wurd te brûken. De seleksjekommisje fan de KNSB mei nammentlik noch in rider oanwize foar de ploege-efterfolging. En op dat ûnderdiel is Kramer al jierren in fêste wearde. Mocht er it op de 5.000 meter net helje, tink ik dat de seleksjekommisje him oanwiist foar de ploege-efterfolging en dat we him dus wol sjogge yn Peking."
It OKT begjint twadde krystdei en is oant en mei tongersdei alle dagen te folgjen by Omrop Fryslân. Sportferslachjouwers Andor Faber en Roelof de Vries dogge live-ferslach op de radio mei âld-reedriders Douwe de Vries en Jesper Hospes. Oan de ein fan eltse dei ferskynt in podcast oer it OKT.
It programma: (de tiden binne ûnder foarbehâld)
Snein 26 desimber: 1.000 meter froulju en 5.000 meter manlju (14.00-16.05 oere)
Moandei 27 desimber: 500 meter manlju en 3.000 meter froulju (17.25-19.35 oere)
Tiisdei 28 desimber: 500 meter froulju en 10.000 meter manlju (16.30-19.40 oere)
Woansdei 29 desimber: 1.500 meter froulju en 1.000 meter manlju (18.20-19.40 oere)
Tongersdei 30 desimber: 5.000 meter froulju en 1.500 meter manlju (17.55-19.40 oere)
Nei hokker Friezen moatte we sjen?
"In hiel soad! De riders fan Zaanlander, de ploech fan Jillert Anema, hawwe in goed seizoen oant no ta. Dus ik ferwachtsje ek op it OKT in protte fan Jorrit Bergsma. Datselde jildt foar Antoinette de Jong, dy't in goed en stabyl seizoen hat. Femke Kok hat de soargen efter har litten en pleatst har gewoanwei foar har earste Olympyske Spelen.
En wat kin Suzanne Schulting? As shorttracker sil se al nei Peking, mar op de 1.000 meter soe se har der ek samar ris tusken ride kinne. En litte we by de 500 meter foar manlju efkes sjen nei Jesper Hospes. It soe wolris syn lêste keunstke wurde kinne. As er it net hellet, soe er wolris ophâlde kinne mei reedriden en him dwaande hâlde mei it trainersfak."
Witte we nei tongersdei wa't allegear nei de Olympyske Spelen sille?
"Nee, eins net. Want der binne dus noch in oantal oanwiisplakken, dêr't de seleksjekommisje fan de KNSB nei it OKT oer beslute sil. As je de matriks besjogge, sille de boppesten wol rêstich sliepe kinne. Dy sille wol nei Peking. Mar as je ûnderoan de matriks steane, wurdt it noch krap.
Wa't der hinne sille, witte we definityf op snein 2 jannewaris. Dan moat technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB de reedriders dy't nei de Spelen ta sille, foardrage oan it NOC*NSF."