Koade giel foar kjeld hâldt oan en KNMI jout koade giel foar kâns op izel

It KNMI jout nei in ekstreme sneontenacht mei in gefoelstemperatuer fan -15 graden ek sneintemoarn noch koade giel yn it noarden foar de kjeld. Minsken kinne 'koudeletsel 'oprinne en it advys is om meardere laachjes klean oan te dwaan.
© Omrop Fryslân
Ek jout it KNMI koade giel op dizze twadde krystdei foar izel yn it noarden. Neffens it waarynstitút is de kâns dêrop jûn it grutst en de glêdens kin oant moandeitemoarn oanhâlde.
Minsken wurde oproppen om goed it waarberjocht yn de gaten te hâlden en it rydgedrach oan te passen.