Lege gefoelstemperatuer: KNMI kundiget koade giel ôf

It KNMI hat foar sneontenacht koade giel ôfkundige foar Fryslân. Neffens it ynstitút kin de gefoelstemperatuer sakje oant -15 of -16 graden. Ek sneintejûn jildt der koade giel, dan is der kâns op izel.
© ANP
Neffens it KNMI is der by sokke lege gefoelstemperatueren kâns op ûnderkuolling. It is dêrom wichtich om waarme klean oan te hawwen. De warskôging jildt fan sneon 23.00 oere ôf en duorret oant sneintemoarn 10.00 oere.

Izel

Dêrnjonken hat it KNMI foar sneintejûn koade giel ôfkundige foar ús provinsje. Neffens it ynstitút is der kâns op izel. Dat kin glêdens op de dyk opsmite.
De warskôging jildt fan 22.00 oere ôf en duorret op syn minst oant moandeitemoarn 6.00 oere. Minsken wurde oproppen om goed it waarberjocht yn de gaten te hâlden en it rydgedrach oan te passen.